- 7 - Yn de 'âlde' rieden wiene tariedingsbesluten nommen om de ünreplikguodbelêsting troch wertaksaasje fan de huzen op inoar óf te stimmen en om de oare belêstingen ek op inoar of te stimmen mei dêryn ek noch in ynflaasjeferheging fan 3%. De ün replikguodbelêsting wurdt mei 1% ferhege en dat fynt sprekker tige ridlik sjoen alle koartings op de ynkomsten dy't de gemeente fan it ryk kriget. Fierder sil it troch it yn inoar skowen fan de belestingen fan de 1âlde1 gemeenten wolris barre dat in part fan de minsken mei in tige swiere ferheging fan in be- lêsting komt te sitten en dat oaren in hiel ein werom geane. Der is ferline jier troch de P.v.d.A. besocht by it regear in oergongsmaatregel fêst stelle te litten, wêrtroch de ferskillen net sa grut wurde soene. Dat is spitigernôch net slagge. Wat yn de hichte fan de belêsting ek noch mei spilet is de tiid dêr't de taksaasjes yn pleats fine. De ekonomyske omstannichheden binne mei fan ynfloed op de hichte. It kolleezje hat ek wat ferskowingen oanbrocht tusken eigners en gebrûkers, mei om tefoaren te kommen dat der foar de hierders fan wenten te grutte ferhegingen üntstean soene. Dêr stiet tsjin oer dat der foar de grutste ferhierder yn de gemeenten, de wentebouferiening, wol in behoarlike lêstenferheging üntstien is. Dochs waacht dat neffens sprekker wol op tsjin de belêsting dy't no foar de gebrükers yn de hân hâlden is. Dat giet dochs meastentiids om minsken dy't de ôfrûne jierren mear kearen troffen binne troch koartings op ynkomsten. Hy is fan betinken dat it kolleezje miskien noch wol wat fierder gean kind hie, ek as hy sjocht nei de reser- vearrings foar grut ûnderhâld fan de wentestifting en it ekstra bedrach dat betelle wurde moat as dit útstel oannommen wurdt. Sprekker seit dat syn fraksje it iens is mei dit útstel. De hear Damsma seit dat syn fraksje yn earste ynstânsje gjin muoite hie mei dit útstel. Lykwols binne hja nei it brief fan de wentebouferiening fan betinken dat it better is om it útstel oan te hâlden en nochris mei nije sifers te kommen. De belêsting op it eignerskip soe ferhege wurde moatte mei 3% ynstee fan 11,9%. Dat soe betsjutte dat it bedrach fan 9,40 komt op 8,70. Dêrmei fait der in gat yn de begrutting fan sa'n 138.000,=. Lykwols is dêr wol dekking foar te finen yn de begrutting. De post foar grut ûnderhâld fan de wentebouferiening moat neffens sprekker net oantaast wurde. Ek moat der mei partikuliere eigners rekken halden wurde. Dêr binne genôch fan dy't op dit stuit krap sitte. Fierder hat dit ek ynfloed op de bou fan huzen en dêrmei op de wurkgeigenheid yn de bou. Sprekker fynt it wichtich dat alles oanpakt wurdt om de wurkgelegenheid yn de bou yn stân te halden. Der moat ek betocht wurde dat de wentestifting der foar de minsken is, dy't gjin eigen hüs keapje kinne. Ek dy minsken hawwe der rjocht op om goed te wenjen. Sprekker stelt dêrom út dit útstel oan te hâlden en nochris mei nije sifers te kommen De hear De Wolf hat mei niget harke nei wat de hear Van den Berg sein hat oer dizze belêsting yn ferbân mei de weryndieling. De finansiële gefolgen dêrfan, ek op dit mêd, binne net goed regele, wêrtroch de weryndieling syn doel foarby sjit. Sprekker fynt dat seis in stik ünbehoarlik bestjoer. Hy kin it fierder wol iens wêze mei de opset fan dit útstel. Der is besocht om de totaalopbringst mei net mear as 1% te ferheegjen en dat is hiel ridlik yn it ljocht fan dizze tiid. By in wertaksaasje wurdt it ûnreplikguod taksearre nei de ekonomyske situaasje en dêrby kin men gelok hawwe dat de belêsting ferlege wurdt of de tsjinslach dat de belêsting ferhege wurdt. Neffens him is der gjin rjocht- feardich systeem te betinken wêrby dizze problemen net spylje. It kolleezje hat de ferhegingen wat mear ferskood nei de eigners en net nei de bewenners. Foar de wentebouferiening hat dat de grutste gefolgen. Sprekker fynt net dat der noch fierder gien wurde moat mei it ferskowen fan de lésten, om't it oars wolris it ünderhâld fan de wentewetwenten yn gefaar bringe kin. Ek sjocht hy gjin oare mooglikheden om dizze belêsting te heffen en dêrom is hy it wol iens mei dit útstel. De hear Stallinga is it yn grute linen wol iens mei de hearen Van den Berg en De Wolf. It ûnderhâld fan de hierwenten mei net yn gefaar kommen en dêrom liket

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 13