- 9 - Boeremaskoalle is twatalich en de Boargemaster Thalensskoalle is ientalich. It liket him goed ta dat dy beide skoallen apart bestean bliuwe. It kolleezje kriget dêrom de stipe fan syn fraksje om dêr alles oan te dwaan wat mooglik is. Wethâlder Van Gorkum seit dat hy eins al ferwachte hie dat der opmerkings komme soene oer it fusearringsútstel fan Deputearre Steaten. Hy seit dat der op dit stuit troch âlders, skoalbestjoeren, wethâlders, fakbûnen en Feriening fan Fryske Gemeenten alle war dien wurdt om D.S. ienriedich dúdlik te meitsjen dat dit eins net kin. Yn dit ramt is der ek in hantekeningenaksje hâlden ünder de âlden fan de beide skoallen. Fierder hawwe D.S. it spriedingsplan fan Boarnsterhim noch net goedkard. Mochten D.S. dat plan ôfwize dan is sprekker der foarstänner fan om in bysûndere riedsgearkomste te belizzen om te bepraten wat der fierder dien wurde moat. D.S. moatte foar 1 july in útspraak dwaan. De hear Bouma is it mei wethâlder Van Gorkum iens dat dizze problematyk sa wichtich is dat dêr as it nedich is wol in riedsgearkomste foar útskreaun wurde kin. Mevrouw Aukes is het ook eens met het voorstel eventueel een aparte raadsverga dering te houden. De hear Van der Baan seit dat der tefoaren kommen wurde moat dat de mienskip fan Nes-Akkrum oare middels oangripe sil om de Juf Boeremaskoalle fuort bestean te litten. Zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten. 34a. Utstel om in ekstra kredyt te fcerllenen f oar de iepenbiere legere skoalle "It Tredde Sté" yn Jirnsum. Sûnder petear en sünder haadlike stimming wurdt der neffens it ütstel besletten. 35. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor de verbouw van de Carel van Roordaschool te Grouw. De hear Bouma seit dat dit in goed útstel is. Hy freget him allinnich óf op hokker termyn de útbou pleats hawwe kin. Wethâlder Van Gorkum seit dat it om in "Haagse" termyn giet en dy is rekber. Lykwols hopet hy dat it foar de ein fan de simmerfakânsje ree wêze kin. De voorzitter merkt op dat een Haags kopje klein is, maar een Haagse termijn groter. Het verbaast mevrouw Aukes dat voor de uitbreiding nog toestemming van Den Haag moet komen. Volgens haar was alles al geregeld. Wethouder Van Gorkum antwoordt dat de plannen met een begroting naar Den Haag zijn opgestuurd. Het wachten is op een akkoordverklaring van die kant. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 35a. Voorstel tot het aanpassen van It Beukerhóf ten behoeve van noodvoorziening Scholen gemeenschap MAVO/LBO Mid-Fryslân. De hear Bouma is wol akkoart mei it ütstel. Hy wol lykwols omtinken freegje foar de jongerein fan Akkrum. Der hat yn it ferline sprake fan west dat as It Beuker hóf yn it ramt fan de basisskoallen net mear as skoalle fungearje soe, dat der in ûnderkommen foar de jongerein fan makke wurde koe. Hy freget him óf oft dy plannen no fan de baan binne of oft dêr noch wol oan tocht wurdt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 15