- 16 - De wrâld; ien druk op de knop en hy_is net mear, ien ûngelokje en Boarnsterhim is net mear. Frede, in beladen wurd Der hearsket yn grutte dielen fan de wrâld op'e nij de krisis. De krisis, wat is dat: produksje, konkurrinsje, oerproduksje, inoar kapotmeitsje, automatisearje, it drukken fan de kosten, it weromnimmen fan de keapkrêft en sa fierder. In fisueuse sirkel as der net yngrypt wurdt. Gefolch: groeiende earmoed, groeiende ferskillen tusken earm en ryk. De riken riker, de earmen earmer; hjir yn ús lân en ek yn Boarnsterhim. Dit kapitalistyske geweld smoart foaral de tredde wrâld. It klassike andert wurdt folop tapast: stiging fan de bewapening, it opfieren fan de spanning, it skeppen en fersterkjen fan de fijânbylden. De foarige krisis is "oplost" mei de earste en twadde wrâldkriich. Ferneatigje en wer opbouwe. Skrinend mar wier. Yn dat byld sjogge wy de pleatsing fan krúsraketten. Dochs liket de oplossing troch in oarloch útsluten. Oarloch soe ommers de ein fan Europa betsjutte.Mar dochs wurdt der spile mei de gedachte en sa ferwachtsje al mar mear saakkundigen no in oarloch troch in ûngemakje, in fersin. Fredesbeweging, fakbeweging, tsjerken en ek ús fraksje wolle sa net fierder. De regearing griemt der mei om. Wy stelle út dat de gemeente de saak oppakt foar safier dat yn har fermogen leit. Wy stelle út dat it kolleezje - yn nauwe gearwurking mei de earste ôfdieling - komt ta in nota frede en feiligens. Saken dy't dêryn útwurke wurde moatte soene: fredesûnderwiistrochbrekke fan de fijânbylden, it stypjen fan fredesaktiviteiten. Wy fernimme graach oft it kolleezje dit oernimme wol. Wy ferwachtsje dat, want frede is in libbensneedsaak. Dan komme wy telâne by de gefolgen fan de krisis yn ús lân. Us lân sit yn de heechste regionen fan Europa, foar wat de wurkleazens oanbelanget. Troch in iensidige en ûngerjochte besunigingspolityk is dat de lést jierren sa rün. De fakbeweging en de P.v.d.A. hawwe in oare oanpak op tafel lein: in rjochte stipe voan it bedriuwslibben, it hurder gean litten fan de wurktiidferkoarting en hant- havenjen fan de keapkrêft foar mei namme de legere ynkommens. It sintraal planburo hat dizze oanpak trochrekkene. Resultaat: yn in pear jier tiid al in pear hûnderttûzen wurkleazen minder as by de hjoeddeiske oanpak fan it regear. Wy freegje dizze ried: binne wy mei elkoar net ferplichte om soks op te pakken? Binne wy net ferplichte om ús bern dy't no fan skoalle komme, dat perspektyf te bieden? In lytse helte fan de bern hat ommers no al gjin inkeld foarútsjoch mear Dy saken dy't barre moatte om ús folsleine bestean oerein te hâlden moatte wy mei inoar dwaan yn dit lân. Wurk is in grûnrjocht, wurk is mei ferantwurdlik wêze foar de maatskippijIt moat oars en ek dêr hawwe wy fanút de gemeenteried in taak. It alderskrinenste wat de léste jieren plak fynt, spilet him ôf rün it ynkommen fan de minima. Kear op kear moatte dizze minsken werom. Hyltyd mear wurde hja yn de earmoed treaun. De gemeente hat der mei te krijen: it wurk fan de sosiale tsjinst kon— frontearret ús mei de minske dy't it belije moat, dy't it net mear oankin. Wy stelle dêrom út dat de ried in útspraak docht en wol as folget: "De ried fan Boarnsterhim, byinoar op 19 juny 1984 freget it regear en de kaamer mei klam denoútstelde weromgong foar de útkearingsgerjochtigden it sa neamde 1 july pakket) net ta útfiering te bringen en dêrfoar yn it plak te nimmen de alternativen fan de fakorganisaasjes, sadat fierdere koartings foar de legere ynkommens net hoege Dêrnêst achtsje wy in oar sinjaal fanút de gemeente fan grut belang. Sa as bekend is, binne der no al húshâldings dy't it yn'e moanne dwaan moatte mei om en de by 400,= foar iten en klean. De DIVOSA (feriening fan direkteuren fan sosiale tsjinsten) stelt dat dat, ek foar dizze saneamde absolute minima, delkomt op in tekoart fan 200,=.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 22