- 17 - Is it kolleezje ree om in proefproses te fieren om dat tekoart der út te slepen by it ryk? Yn sa'n proefproses moat it ryk dan mar bewize dat it libjen kin mei in tekoart. Wy fernimme jerne oft it kolleezje dit oernimt, want in ridlik minimum ynkommen is needsaak foar in minsklik bestean. Wurk en in ridlik ynkommen binne mooglik, sa as al earder yn dizze beskôging oanjûn is. Fierder geand rinne wy foar de gemeente in tal saken del: - de ekstra koartings op it gemeentefüns en de doelútkearings (benammen ûnderwiis) - it werombringen fan subsydzjes f oar maatskiplike organisaasjes en iepenbiere wurken (benammen de bou) Allinne dizze saken al leverje by gemeenten en ynstellings tsientüzenden wurkleazen op en by oannimmers en yndustry hünderttüzenden. De V.N.G. (Vereniging van Nederlandse Gemeenten) - en dus de gemeente- hat bettere alternativen yntsjinne. Dy wurde net oppakt troch dit regear. Dêrom moat der ek fanút de gemeenten seis nei bûten ta wurke wurde. Wy freegje it kolleezje dat mei organisaasjes, fakbünen en ûndernimmers op te nimmen. Us ynwenners moatte der by belutsen wurde. It moat fierder gean as goede V.N.G.- rapporten. It ynkommensferskil tusken útkearing en normaal lean is mei in oare palityk te beteljen. Skeppe yn stee fan öfbrekke! Sa hingje der nóch twa stiennen om de gemeentlike nekke: - it eigen finansiële part yn de sosiale soarch en - de rinte/weardedaling fan de grün. Tonnen ferliest de gemeente sa. Tonnen dy't eins brûkt wurde moatte foar it op peil hâlden fan de foarsjennings en it bestriden fan de wurkleazens. Wy roppe de oare partijen yn dizze ried op, dizze saken oan te kaarten by harren fraksjes yn de Twadde Keamer. Hjir moat in oare wei fûn wurde, oars giet ús gemeente de folgjende jierren fallyt. De gemeentlike belestingen kinne eins de kommende jierren net fierder omheech, wylst dit regear ús freget dat al te dwaan. Wy wolle dat net! De keapkrêft fan de ynwenners moat net fierder oantaast wurde. Want ek de middenstan buorket mei sprongen efterút, wêrby de boeren ek noch mei de superheffing pakt wurde. Dizze ried hat fêstlein dat de alderleechste ynkommens frijstelling krije sille fan it beteljen fan de gemeentlike lésten. Wy sille de effekten fan de ûnreplik guodbelesting skerp folgje en derby de mooglikheden besjen om in fierdere gemeentlike sosiale polityk te fieren. As slútstik lizze der de eigen gemeentlike mooglikheden: - wurkgelegenheidsfûns; - proj ektminsken sûnder wurk - eigen polityk wat de wurktiidferkoarting en it wurkgelegenheidsfûns oanbelanget Dat sil in drege saak bliuwe. Us "terrein" is beheind. Wy witte dat it kolleezje ree is ta stipe enbyspringen. By Halbertsma is dat bard. Wy tinke dat de gemeente ek yn de takomst oare mooglike problemen mei help fan "éénmalige" bydragen (út saldi- of oare reserves) op&osse moatte sil. Oangeande it projektminsken sünder wurk'dér wolle wy skerper op tasjen. Foaral wat it wurkjen mei behâld fan in útkearing oanbelanget. Wy fine yn^dat ramt dat alle oanfragen dy't by ús yntsjinne wurde, regionaal toetst wurde moatte, wêrby yn- stimming fan alle sosiale partners in betingst is. Wy freegje it kolleezje dizze oanpak yn te bringen by de regio (Regionale Coördi natie Commissie)Dêrneist freegje wy it kolleezje oft de eigen wurkgelegenheids- oanpak fan de R.C.C. foldwaande is. Sa net, dan sille wy yn de rin fan dit jier besjen moatte oft der in_wurkgelegenheidskommisje Boarnsterhim ynsteld wurde moat. Oangeande de wurktiidferkoarting yn eigen hûs kinne wy koart wêze. Wy geane der allinnich yn mei as der oerienstimming is mei de fakbeweging. Dit jildt sawol foar besteande as nije banen. Mei it milieu liket it yn dit lân wat better as mei frede en wurk. Der is in behoarlike wetjouwing ta stân kaam de léste jierren. Mar der moat mear barre. Dat is goed foar nij wurk en foaral goed foar it milieu. Wy neame in tal saken: - gjin déregulearring dy't de milieuwetten efterút bringt; - gjin nije kearnsintrales en sluting fan besteande; - gjin fierdergeande stoarting fan gifôffal/kearnôffal yn de see of de grün;

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 23