- 20 - - rioleringswerkzaamheden - Rauwerd; - ruilverkaveling "Oude Jokse" - de verplaatsing van het ambtelijk apparaat naar het nieuwe gemeentekantoor. Al met al genoeg om ons bezig te houden. Wetende, dat in deze tijden bestuurkracht een eerste vereiste is, wensen wij het college de nodige sterkte om de te verwachten lasten te kunnen dragen. Uiteraard gelden deze wensen ook voor het ambtelijk apparaat, die door haar bijdrage het ons mogelijk maakt er deze "hobby" op na te houden.". De hear Terra seit dan it folgjende: "1984 is it jier fan de start fan BoarnsterhimDe trein Boarnsterhim moet op de rails pleatst wurde en as it kin út ein sette. Dêrfoar is in goede organisaasje nedich en freget fan de minsken dy't de treinrit begeliede, it kolleezje, de amtners en de ried, fakmanskip, wiisheid en tiid. Tiid sil je nedich hawwe. om fan de trijekaart UtingeradielRaarderhim en Idaarde- radiel ien gehiel te meitsjen, om it organisatorysk sa yn elkoar te skowen, dat it rint. It sprekt fansels dat it personiel earst oan de nije situaasje wenne moat, harren plak wer fine yn it gehiel. Fan de stoel wêrop hja pleatst binne wer harren eigen sit te meitsjen, mar wy wolle as fraksje jerne us grutte wurdearring útsprekke oer wat de amtners oan't no ta klear makke hawwe. Foarsitter, by jo ynstallaas je hawwe jo de riedsleden warskôge om net oan doarpisme te dwaan, dat wie terjochte, mar lit it ek gjin gemeenteisme wurde. Wiisheid en fakmanskip is nedich om yn de feroare ekonomyske situaasje in belied te fieren, in belied fan trochpakken, rêdsumheid en opteinens. Men sil nei wegen sykje moatte om út alles wat de gemeente ta syn tsjinst stiet, safolle mooglik rindemint te heljen. By it belied moat de minske sintraal stean, foaral dyjingen dy't it dreeah hawwe. Wy sille fan gemeentewege dizze minsken stypje en üntsjen moatte. De ekonomyske tastân is yn Nederl|n de léste jierren efter út gien; dit hat konsekwinsjes foar de gemeente en de ynwenners. Der komt wat minder jild yn it ponkje. We steane wer mei beide fuotten op'e grün. Der sil in wat soberder belied fierd wurde moatte, oanpastby de ynhâld fan de ponge dy't jin ta jins beskikking hawwe. Mar dat hoecht gjin ramp te wezen. Want is it net sa, dat it de léste jierren wolris al te maklik gien is, want as jo as gemeente op ien sportgelegenheid in ferliespost fan omtrint 450.000,= nimme kinne, dan hawwe jo wol ryklik om hannen. Sa't yn de ..aanbiedingsbrief ek al skreaun wurdt, is troch in tal fersoberingen it minder ynkommen kompensearreWat soberder, is wat minder luks, dat hoecht net dramatysk te wêzen, it freget in wat oare ynstelling. Wy kinne der ek yn mei gean dat der in wurkgroep gearstaldwurdtdy't it gehiel fan ynkomsten en útjeften fan de gemeente besjen sil om dêrby dan it belied fan de gemeente oan te passen. In foarbyld: it soe de rnuoite wurdich wêze te ûndersykjen de lésten dy't de ôffalproblematyk meibringt yn de hân te halden, troch in oar, minder frekwent ophel-systeem Wat it grûnbedriuw oangiet is dat ekde rekkening fan in belièd dat gearstald is yn de tiid, dat de beammen oant yn de himel groeiden. Wy binne fan miening dat de grün dy't net brûkt wurdt ferkocht wurde kin, mar wol mei in fleksibel belied. Troch in gerjocht ferkeapjen is der in kâns dat der bedriuwen oanlutsen wurde, dyt op langere termyn wol wat opsmite Sportseal-swimbad is opset mei in grut jierliks tekoart, op in ynwennertal fan 17.215 is dat 27,22 de ynwenner. Oan de iene kant is dat net saaklik, oan de oare kant foarsjocht it wol yn in ferlet. Dochs sil der alles oan dien wurde moatte om dit ferlies sa leech mooglik te meitsjen. Mooglikheden om dit te réalisearjen soene wêze kinneenerzjybesparring en winning; ferpachtsjen fan kantine en skjinhâlden fan it gehiel. Wy kinne ynstimme mei wat steld wurdt yn it stik "Haadpunten belied 1984", om it gemeentlik útjeftepatroan ris troch te ljochtsjen. It doel is om nei te gean wêr't de gemeentlike taak ynkoarten wurde kin om sa by te dragen oan it sûn meitsjen fan de finansiële tastân.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 26