- 21 -
De C.D.A.-fraksje is bliid dat it de gemeente slagge is om yn sa'n koarte tiid
en foar sa'n gaadlike priis de húsfesting fan it gemeentepersoniel te sintralisearjen.
Dit kin it funksjonearjen fan it gemeentlik apparaat ten goede komme.
Op de poststikken fan Boarnsterhim stiet dat de gemeente it hert is fan it Fryske
wetterlân, mar it is ek it hert fan it lân.
Dit bringt in drok ferkear mei en ferskaat ferfier fan gefaarlike stoffen,
sawol oer it wetter as oer de dyk. Dêrom is it fan it grutste belang om de yn-
wenners hjir tsjin te beskermjen en "om by ûngemakken dêr soarch foar te dragen.
It is fan grut belang dat der goed oerlis en ôfspraken binne hoe oft der hannele
wurde moat yn tiden fan need. Wy tinke hjir^y oan de provinsiale organisaasjes,
de polysje en de brânwacht. Wy hoopje dat de foarsitter hjir meidielingen oer
dwaan kin, want de léste botsing fan twa skippen hat nochris wer dúdlik makke,
dat in ûngemak sa mar barre kin. Ek in besinning fan ús gemeentlike brânwacht
oer dizze matearje kin een bijdrage foarmje om de ynwenners by ûngemakken te helpen.
De polysje moat foldwaande stipe krije, sawol yn goede as minne tiden, foaral yn
saken dy't yn it sintrum fan de belangstelling en emoasjes steane.
De feiligens fan de boarger en syn rjocht op wat fan him is, moat garandearre
wurde, wylst fandalisme oanpakt wurde moat. Want it is te gek dat dizze kosten
troch de boargers betelle wurde moatte.
Mei de W.V.G. binne wy it iens en wy binne fan betinken dat it net nedich is
om de fôlkssûnens te nationalisearjen.
Oft ien dokter op'e 2.500 ynwenners in juste noarm is, kinne wy net oersjen.
Dochs is it sa dat de measte minsken mear en geregelder harren materiele guod
neisjen_.litte .as it eigen ik. Wat de reden dêrfoar is, witte wy net, miskien
it net wollen, drompelfrees, de sosiale kontrôle of oare redenen.
It is bekend dat ferskate sykten, as se op'e tiid konstatearre wurde, foar in
grut part te ferhelpen binne. It soe goed wêze om yn regioferbân hjir ris oer
te praten, om de mooglikheden te ferromjen.
It docht ús deugd dat Boarnsterhim mei de besteande bestimmingsplannen foarút kin.
Wy wolle it kolleezje jerne yn oerweging jaan om foar de besteande en noch kommende
bestimmingsplannen foar doarpen, foar safier dy doarpen al beskerme binne
of wurde, de spesialisearre tsjinst fan momumintensoarch yn te skeakeljen.
Want twa witte mear as ien. It gebrúk fan dizze tsjinst kostet neat en men kin
dêrmei foarkomme dat weardefolle saken ferlern geane.
In goede ferdieling fan de wenten is needsaaklik, sawol yn de grutte as ek yn
de lytse doarpen. Der sil yn goed oerlis mei de wentebouferiening in plan makke
wurde moatte. It ynskeakeljen fan tredden is in goede saak. Wy tinke hjir ûnder
oaren oan de tsjinst Hûs en Hiem foar deesthetyske kant fan de saak. Dit is in
neutrale tsjinst.
It is in frjemde saak dat men as gemeente garant stean moat foar lienings dy,'t
de bank oan tredden docht en dêr't de bank wol de winst fan meinimt. Wy binne
tsjin dizze ús opdrongen funksje, mar as it dan moat, sille wy dy ek mei de
grutst mooglike soarch omjaanmoatte
Dêrom is it in eask dat troch gemeentlike saakkundigen besjoen wurdt, hoe't de
kwaliteit fan de wente is en oft it ferantwurde is om dit risiko te nimmen. Dit
yn't belang fan de gemeente en fan de oanfreger.
Iepenbiere wurken is in slútpost op'e begrutting fan'e gemeente. In goede ynfen-
tarisaasje fan wurken is nedich en dy pleatse op in prioriteitenlist is ek nedich.
Net tefolle hea op 'e foarke nimme.
Wat de reiniging oangiet, dy hawwe wy al yn it finansiële part ynbrocht.
Wat it sammeljen fan ôffal yn it rekréaasjegebiet oangiét is dit net allinnich
in Boarnsterhimsaakmar ek in provinsjale en seis in nasjonale saak. Want dizze
gebieten wurde net all'innich brûkt troch Boarnsterhimmers mar troch in ferskaat
fan minsken. Wêrom moat de gemeente dan foar dizze kosten opdraaie? Hawwe de
provinsje en it ryk net de plicht om ek by te springen?
De ferkearsproblematyk moat men yn de gemeente ek net ûnderskatte, want Boarnster
him leit yn it hert fan Fryslân, dat bringt in drok trochgeand ferkear mei. Foar
de feiligens is it fan belang dat der bylâns de drokke stikken dyk fytspaden komme.
Yn Jirnsum is der ek noch de rykswei dy't troch it doarp rint. Yn de gemeenteried
is der jierren lang oer praat en ek de provinsje hat dit probleem ûnderkend. It
belied oangeande de situaasje dêr is bepaald. De C.D.A.-fraksje is fan betinken