- 22 - dat de gemeente Boarnsterhim dit belied oernimme moat en op koarte termyn de nedige stappen dwaan moat om ta réalisearring fan de wei om Jirnsum te kommen. Ek de Bûtlânswei moat de oandacht fan it kolleezje hawwe. Wy kinne ús fine yn wat it kolleezje oer it ûnderwiis nei foaren bringt. Dat de lykweardigens dêrby foarop stiet is een goede saak. It skoalswimmen is fan grut belang yn it hert fan it wetterlân en moat der ek bliuwe Wy binne benijd hoe't it kolleezje it musykûnderwiis yn de gemeente mei de regio Schoterwerven regelje sil. Ek de ünderwiisbegeliedingstsjinst is fan belang foar de skoallen. It foarnimmen om it ünderwiis foar folwoeksenen foar elts berikber te meitsjen hat ús ynstimming. Yn in tiid fan in tekoart oan wurk moat der alles oan dien wurde om de minsken maatskiplik sterker te meitsjen. Boarnsterhim is in gemeente mei grutte rekréaasjegebieten. Yn dizze gebieten binne ek kriten dy't fan belang binne as natürgebiet. It is wichtich om dizze beide wearden sa goed mooglik neist inoar funksj.onearje te litten. Want dit is de grutste oanlûkingskrêft fan it rekréative barren yn ús gemeente. Ek plakken foar de deirekréaasje, sa as fiksjen, plankjesilen, swimmen, sille it omtinken fan de gemeente hawwe moatte. It is ús fraksje ek min nei't sin dat sa'n moai wetter as de Krûmej Grou, dat tige geskikt is foar deirekréaasje, brükt wurdt troch "racemonsters". It ynlüken fan fergunnings foar rekréaasjewenten yn'e doarpen kinne wy folslein stypje. Wat it is kolleezje fan doel mei dy wenten (rekréaasje) yn'e doarpen dy't ferwaarleaze wurde? Mei it útstel omtrint de sportrie kinne wy ús ferienigje en dat jildt ek foar it ünderdiel subsydzjes en tarivenbelied. It is dúdlik dat de sosiale soarch in grutte soarch wurdt foar de gemeente. Lit ús hoopje dat de ekonomy oanlukt; dat bedriuwen yn ús gemeente foar mear wurk soargje kinne; dat bedriuwen harren hjir festigje om te helpen it tal wurkleazen te ferminderjen. De opset fan it projekt 'minsken sûnder wurk' is, dat troch sosiaal-kultureel wurk de posysje fan de minsken sûnder wurk ferbettere wurdt. Dit kin barre troch it folgjen fan kursussen. It doel is dat de dielnimmers troch it folgjen fan dizze kursussen maatskiplik sterker komme te stean en mear kâns op wurk hawwe. Wy binne fan betinken dat it offisiële kusussen wêze moatte.yn fakken dêr't ferlet fan is. De wurkgelegenheid is in ünderwerp dat troch de hjoeddeiske ekonomyske tastân in net te ünderskatten swierrichheid is. It sil jin mar barre dat jo oan de kant komme te steanen; de kâns dat jo wer oan'e bak komme is_net grutYn it oanbie- dingsbrief wurde troch it kolleezje punten oanhelle fan mooglikheden dy't in bydrage foarmje oan in ferdieling fan wurk. Wy soene it kolleezje noch inkelde punten yn oerweging mei jaan wolle; - troch oantreklike grünprizen besykje bedriuwen oan te lüken, dy't foar wurk soargje kinne; - it earlik ferdielen fan wurk oer de ferskate "samenlevingsvormen"; - it foarkommen fan dûbele banen; - it oanstellen fan persoanen yn kommisjes, wurkgroepen ensf. dy't net oan it produktive wurkproses dielnimme; - it yn tydlike gemeente-tsjinst nimmen fan wurkleazen by wurken dy't ûnder behear binne fan iepenbiere wurken. Yn dizze beskógingen hawwe wy besocht útdrukking te jaan oan ús belutsen wêzen by dizze gemeente. Wy hawwe fanút in posityf tinken, ús bydrage oer de materiële en immateriële saken oangeande de gemeente Boarnsterhim nei foaren brocht. Litte wy mei ús allen besykje om de start fan Boarnsterhim sa goed mooglik te meitsjen. Hjirnei seit de hear Damsma it folgjende: "Lit my dizze skôgings begjinne mei in siswurd út in boekje "Wiere wurden" fan Tabe Beintema. Dat siswurd wie sa: Dat ha wy wer belibbe, sei Feike en hy kaam

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 28