- 23 - yn juny it nijjier ófwinnen! Dit siswurd spile my troch de holle hinne, nei oanlieding fan de behanneling fan de begrutting 1984 fan ús nije gemeente "Boornsterhem"no't it jier al sawat heal om is. Ek kaam my yn 't sin de wurden sein troch myn âld-F.N.P. fraksjemaat Krips yn'e leste riedsgearkomste fan de gemeente Raarderhim. Hy sei doe:"Yn Amsterdam libje de minsken ek noch.". Hy bedoelde hj.ir mei te sizzen, dat alls syn foar en tsjin hat, sa ek fan lytsskalige gemeente nei grutskalige gemeente, of oars sein fan 3.000 ynwenners nei 17.000 ynwenners. Nei in healjier "Boornsterhem" moat ik konkludearje dat "Boornsterhem" noch libbet, wol oars as yn de trije eardere gemeenten, it is allegear wat yngewikkelder wurden, of oars wurdt it faaks wol yngewikkelder makke, mar dat skynt hielendal net sa slim te wêzen, de ried stelt in kêst 61 of 62 kommisje yn en dab. is it ús alle gear wer dúdlik. En moast dit alles net barre om de romrofte bestjoerskrêft fan de lytse gemeenten wat op te krikken? Tsjin ús sin hiene de hegere bestjoersmachten dit dochs foar ús úttocht? Foarsitter, jo hawwe yn jo ynstallaasjerede op 2 jannewaris 1.1. de spreuk sitearre dy't Stiet op'e poarte fan de âlde Sint Pytertsjerke yn Grou, ntl."Slut it fer- line óf en rjochtsje jo op de takomst". As in _fariant_ hjirop soe ik tafoegj;e walle "Bewarje wat yn it ferline goed wie, en smyt fuort wat net goed wie" of oars sein "Dy't himsels weismyt wurdt fan in oar net opkrige". Fierders wol ik noch graach inkelde tinzen kwyt en dan benammen oer it belied sa't it oan hjoeddedei ta fierd is, yn ús nije gemeente "Boornsterhem". Mei opsetsin siz ik "Boornsterhem", de echte namme Boarnsterhim waard troch de minister dy't lid is fan in partij dy't de namme hat fan Folkspartij foar Frijheid de Demokrasy, ferbean De ienichate reden dêrta wie, dat hja de tonge ris brekke koene oer de namme fan Boarnsterhim. Lokkich dat ús ried ienriedich tsjin dit beslút yn ferset kommen is, en it rjocht dat hja hiene, brükt hawwe, om op 1 jannewaris 1985 offisieel de echte namme fan Boarnsterhim fêst te stellen. De útslach fan de riedsferkiezings wie hiel dúdlik, yn'e Ljouwerter krante fan in dei letter stie mei grutte letters: winst foar P.v.d.A. en F.N.P. giet ten koste fan V.V.D. en C.D.A., en sa wie it ek yn Boarnsterhim. Yn wêzen wie dizze útslach in sinjaal fan'e kiezers hokker partijen en wa't it beleid yn ús nije gemeente foarm jaan mosten. Mar de útslach joech ek oan dat de P.v.d.A. de mearderheid fan de helte en ien krige hie yn persintaasje sein goed 51%. De betsjutting dêrfan is dat it be lied sa't it de kommende twa jier fierd wurde sil, bart ûnder "foudij" fan de P.v.d.A. It foarste utstel fan harren, nei in programfergelikingwie dat hja trije sitten yn it kolleezje fan B. en W. beset hawwe; sjoen de útslach fan de ferkiezings fan 51% tsjin 49% docht dit wol wat bryk oan. En no it belied sa't it kolleezje dat tocht hie. It sil jimme net fernuverje dat wy as F.N.P. tige fereale binne mei jimme stribjen om op 1 jannewaris 1986 fan Boarnsterhim ynfieringsgemeente te meitsjen foar it Frysk yn it offisiele ferkear. Us fraksje ferwachtet fan de oare politike partijen, ek sjoen harren programs, deselde ienriedigens as by de al earder- neamde ferfrysking fan ús gemeentenammeWant litte wy earlik wêze, de kommende 25 jier binne beskiedend foar it wól of nét bestean bliuwen fan it Frysk as taal. Sawol fan binnen as fan bûtenút wurdt it Frysk oanfretten. Troch saken as massa- kommunikaasje, te min oan ûnderwiis yn it Frysk en in ynbaarnd minderweardich- heidsfielen tsjinoer Hollans-praters. Massakommunikaasje bedriget it Frysk. Der is mar ien kâns om dizze bedriging te ûntkommenBestride mei deselde middels dêr't men mei bestriden wurdt, dus genóch Fryske t.v. en radio. De Weisken hawwe it bbègrepen, striden en woun. De Friezen stride net, hja briede oer harsels; ommers wat in frjemd kin, hoecht in Fries noch net te kinnen. Hja briede yn nota's, kommisjes en notysjes. Wy briede - as wy net oppasse - sa lang dat de piken al dea binne foardat wy út de ried komme. "Fryslân is altyd swier, mar keallet nea", hat ús wurdfierster yn 'e

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 29