- 24 - Fryske steaten ris sein. It liket der in protte op. Rûnom yn 'e wrâld is men by steat troch en foar minmachtige regio's t.v.programs te bringen en wy soene hjir de minsken net hawwe of kri j e kinne Us taal stiet op it spul, as ús taal ferdwynt, ferdwynt ek it Fryske folk. Fan binnenút wurdt it Frysk oanfretten en driget dêrtroch fan in taal ta in Hollânsk dialekt te wurden. Om de aloan sterker wurdende Hollandismen te kearen is goed en genôch ûnderwiis Frysk in betingst. Wis it Frysk moat fan de wet, mar dêr is ek alles mei sein. Fan genôch Frysk is gjin sprake. Noch altiten bliuwe de measte Fryske bern analfabeet yn eigen taalStatus-ferheging fan in taal en mear maatskiplik en ekonomysk belang sille de driuwfearren wêze, wêrtroch de fraach nei mear en better ûnderwiis Frysk yn skoalle en dêr bûten tanimme sil. Dêrom is it sa wichtich dat op it gemeentehûs Frysk de fiertaal is en soks sti- mulearre .wurdt troch it hâlden en dragen fan de heechste bazen fan it spul. Dêrom is it sa wichtich dat Frysk in funksje-eask wurdt en dat gemeenten foar ientalige Fryske strjitte-, plak- en gemeentenammen kieze. Wy hawwe dan ek grutte lof foar it kolleezje foar harren stribjei} om op 1 janne- waris 1986 fan Boarnsterhim ynfierings-gemeente te meitsjen foar Frysk yn it offisiêle ferkear. De F.N.P. is mear as allinnich in taaipartij. It Frysk is hiel wichtich, dat wol, mar noch wêzentliker is it federale tinken. Men kin it ek omskriuwe as it stribjen om it safier te krijen dat de problemen dêre oplost wurde, dêr't se steld wurde, dat allinnich dyjingen dy't it oanbe- langet dêrmei te krijen hawwe moatte, dat men it eigen gea en doarp hoedzje moat en dat it bestjoer nei de minsken takomme moat. Fanút dat tinken wolle wy ek dúdlik rekken hâlde mei de lytse mienskippen yn ús gemeente en harren belangen. Wy fine dat de lytse doarpen mear as evenredich groeie moatte. Dit giet net >L allinnich om harren efterstân op teheljen, mar foaral om de foarsjennings lyk as skoallen, winkels en ferieningslibben te behâlden en te ferbetterjen. Wy tinke yn dizzen benammen oan de doarpen mei in skoalle, Warten, Terherne, Tersoal, Sybrandebuorren en Raard. Yn totaal wurde yn dizze doarpen netto mar 9 wenten yn'e hiersektor boud, wylât de eardere gemeenten harren mear as 20 wenten tasein hawwe. Wy fine dat in frustrearjende saakl Yn it belang fan earderneamde doarpen wolle wy der by it kolleezje op oanstean yn it nije spriedingsplan befolkings-ûntjouwing en wentebou, as grûnslach te nimmen, dat lytse doarpenn mear as evenredich groeie meie. Ek wolle wy der op oanstean dat de taseine wentewetwenten yn de doarpen Warten en Raard takomme jier boud wurde sille. Der mei ek net fergetten wurde dat de lytse doarpkes Idaard, Poppenwier en Dearsum lytse bestimmingsplantsjes hawwe moatte. Wy hiene noch folie mear noaten op ús sang, mar omwille fan 'e tiid,ek om't it sprekwurd-Seit"by in lange preek komt de dúvel yn 'e tsjerke", wolle wy der in ein oan breidzje. Ik wol dat dwaan mei ien fan de fersen út it boekje: "Better as robinen" fan de Legeanster boer-dichter Douwe Hermans Kiestra (nei de spreuken fan Salomo) waans wiisheid ik jimme allegearre tawinskje: Ferjit no de beroerdichheden, en libje goed en from. Bejou jimop de wei fan f reden fan rjocht en oarder, wet en reden en fal nea net werom.". De voorzitter zegt zeer erkentelijk te zijn voor de lovende woorden die aan het adres van het college en de ambtenaren zijn gericht. De gemeentelijke herindeling is er inderdaad de oorzaak van dat de begroting nu pas behandeld kan worden. Niet alles kan tegelijk worden aangepakt; de ambtenaren moeten eerst hun plaats in de organisatie vinden, alvorens er gewerkt kan worden zoals dat zou moeten. De heer Van den Berg gaat in zijn woorden ver over de grenzen van Boornsterhem heen, waarmee hij de gedachte die door spreker bij de start van de nieuwe gemeente

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 30