- 27 - liket him dêrom goed dat dat troch de fakorganisaasjes en ündernimmers oppakt wurdt. Der moat fan ûnder ôf sinjalen jün wurde oer de útwurking fan de maatregels dy't 'boppe' betocht wurde. Hy stelt út om dan de moasje sa't hy dy earder neamd hat mei noch in oanfolling, oan te nimmen. De moasje wurdt dan: "De ried fan Boarnsterhim, byinoar op 19 juny 1984, freget it regear en de keamer mei klam de no útstelde weromgong faar de útkearingsgerjochtigden.i (it sa neamde 1 july pakket) net ta útfiering te bringen en dêrfoar yn it plak te nimmen de alternativen fan de fakorganisaasjes, benammen om't no bliken docht dat der yn de sosiale fûnsen in miljardenoerskot is dat dat réalisearje kin, sadat fierdere koartings foar de legere ynkommens net hoege.". Hy hopet dat de ried dizze moasje oannimme wol om't troch de maatregels dy't der nommen wurde troch it regear hyltyd mear minsken nei de earmoedgrins drongen wurde, en.dan moatte der fanút de basis wol lûden komme dat it net fierder kin. Sprekker fynt dat hy oangeande it wurkjen mei behâld fan útkearing net in dúdlik andert hân hat, mar it sil ek noch wol werom komme yn de ófdielingWol fynt er dat der kontakt hâlden wurde moat mei de fakorganisaasjes oer harren ideëen en alternativen hjiromtrint. It is miskien wol goed dat dat regionaal organisearre wurdt om't de projekten foar ien gemeente meastentiids te lyts binne. Yn it gearwurkingsferbân Schoterwerven is in regionale koördinaasje kommisje dêr't ek de fakbünen in sit yn hawwe. It liket sprekker goed ta dat it kolleezje dêrom wat positiver stiet tsjinoer regionaal oerlis, ek mei de fakbünen, oer dizze saak. Sprekker is bliid dat it kolleezje syn plan oer it ferpartsjen fan it wurk beprate sil yn it organisearre oerlis. Dat jout oan dat der net om de fakorga- nisaasjes hinne gien wurdt. Dat it plan yn it foarste plak troch it kolleezje seis makke wurdt om't it harren ferantwurdlikheid is, is hy it wol mei iens. Oangeande it milieu is sprekker fan betinken dat dat fansels net foar alle soarten fan wurkgelegenheid oan de kant set wurde mei. Dat soe ynhâlde dat men oer sa'n tweintich jier wer foar problemen lykas no de gifstoffen yn de grûn, komme soe te stean en dan soe it de mienskip wer hannenfol jild kostje om dat te ferhelpen. De hear Terra seit dat hy yn syn algemiene skóging besocht hat alle ideëen fan syn partij oangeande Boarnsterhim nei foaren te bringen. Hy hopet dat dy tinzen yn de ferskate ófdielings- en kolleezjegearkomsten werom komme sille. Syn fraksje stipet de moasje dy't de hear Van den Berg krekt foarlêzen hat. Om t de koartings opfongen wurde kinne troch de tafallers, wurdt it systeem fan be- sunigingen net trochbrutsen en dat is foar sprekker in oanlieding om de moasje te stypjen. Fierder wol hy it kolleezje warskógje dat as der mei de deputearre oer de rünwei fan Jirnsum praat wurdt, dat der hyltyd betocht wurde moat dat dy deputearre net foar de rünwei is. De hear Damsina seit dat syn partij by it beleid fieren konstruktyf mei tinke wol. Pakke dy tinzen dan ris oars út as it beleid oanjout dan moat der net fuort sein wurde dat syn fraksje de kont yn de wâl stekt. It fieren fan opposysje is in grünrjocht dat harren net troch de grutste partij ófnommen wurde mei. Fierder stipet syn fraksje de moasje fan de P.v.d.A. oangeande it 1 july pakket. De heer De Wolf bedankt de voorzitter voor de wijze waarop hij de algemene be schouwingen van de partijen heeft beantwoord. Verder spreekt hij zijn respect uit voor het idealisme dat door de P.v.d.A. in zijn algemene beschouwing tot uitdrukking werd gebracht. Toch lijkt hem dat idealisme niet altijd voldoende gesteund door realisme. Wat betreft de motie over het 1 juli pakket, meent spreker te weten, dat de meevallers, die de P.v.d.A. en de vakorganisaties willen gebruiken voor de uitkeringsgerechtigden, alleen betekenen dat de tekorten niet zo groot zijn als waarvan was uitgegaan. Dan valt er volgens hem niet veel te verdelen. Iedereen is vrij om daar z'n eigen ideëen over te ontwikkelen, maar als de problemen opgeschoven worden in de tijd zal Nederland over een aantal jaren op het niveau van een ontwikkelingsland terecht komen. Dat zou voor de bestaande ontwikkelingslanden zeer triest zijn omdat Nederland één van de weinige landen is die veel aan ontwikkelingshulp doet.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 33