24. Oanfraach om meiwurking foar it oanskaffen fan beukerstuoltsjes troch de Feriening foar Kristlik Nasjonaal Skoalünderwiis fan GEMEENTE BOARNSTERHIM Tersoal Oan de gemeenteried. Grou, 10 augustus 1984. Op grûn fan de "Verruimingsw^t" (wet fan 13 septimber 1979) is yn ferbân mei de kommende yntegraasje fan it basisûnderwiis oan de legere skoalle fan Tersoal in beukerôfdieling ferbûn. Op grûn fan dizze wet moat in oanfraach om meiwurking dien wurde en kin dizze ferliend wurde troch jimme rie op grün fan kêst 72 fan de leger ûnderwiiswet 1920, ynsté fan kêst 50 fan de beukerûnderwiiswet. Fan it bestjoer fan de Feriening foar Kristlik Nasjonaal Skoalünder wiis fan Tersoal hawwe wy it fersyk ûntfongen om meiwurking op grün fan kêst 50 fan de beukerûnderwiiswet te ferlienen, om twa beukerstuoltsjes te keapjen. Om't it tal beukers tanommen is, is it tal stuoltsjes net mear foldwaande. De stuoltsjes falie ünder it begrip skoalmeubels sa as dy neamd wurde yn de leger ünderwiiswetDizze wet giet der fan út, dat de kosten makke foar de oankeap fan skoalmeubels bûten de exploitaasje-fergoeding hâlden wurde (kêst 55 bis leger ünderwiiswet) Dat hâldt yn, dat ek yn it gefal der sprake is fan ferfanging, meiwurking ferliend wurde moat om de nedige skoalmeubels te keapjen. It kriterium, dêr't in fersyk as boppeneamd oan hifket wurde moat, is dat "de normale eisen aan het geven van onderwijs te stellen" net te boppe gean wurde. Yn dit gefal giet it om in earste oanskaf en boppedat fait de oanfraach ünder de normale easken, sadat meiwurking op grün fan kêst 72 fan de leger ünderwiiswet 1920 ferliend wurde moat (imperatyf). De kosten fan de stuoltsjes binne rüsd op 90,it stik. Wy stelle jimme rie út meiwurking te ferlienen ta de oanskaf fan 2 beukerstuoltsjes troch de Feriening foar Kritslik Nasjonaal Skoalünderwiis fan Tersoalerhjirta de benedigde jildmiddels beskikber te stellen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld B.G. Holtrop

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 81