24. Oanfraach om meiwurking foar it
oanskaffen fan beukerstuoltsjes
troch de Feriening foar Kristlik
Nasjonaal Skoalünderwiis fan
GEMEENTE BOARNSTERHIM
Tersoal
Oan de gemeenteried.
Grou, 10 augustus 1984.
Op grûn fan de "Verruimingsw^t" (wet fan 13 septimber 1979) is
yn ferbân mei de kommende yntegraasje fan it basisûnderwiis oan
de legere skoalle fan Tersoal in beukerôfdieling ferbûn. Op grûn
fan dizze wet moat in oanfraach om meiwurking dien wurde en kin
dizze ferliend wurde troch jimme rie op grün fan kêst 72 fan de leger
ûnderwiiswet 1920, ynsté fan kêst 50 fan de beukerûnderwiiswet.
Fan it bestjoer fan de Feriening foar Kristlik Nasjonaal Skoalünder
wiis fan Tersoal hawwe wy it fersyk ûntfongen om meiwurking op
grün fan kêst 50 fan de beukerûnderwiiswet te ferlienen, om twa
beukerstuoltsjes te keapjen.
Om't it tal beukers tanommen is, is it tal stuoltsjes net mear
foldwaande. De stuoltsjes falie ünder it begrip skoalmeubels
sa as dy neamd wurde yn de leger ünderwiiswetDizze wet giet
der fan út, dat de kosten makke foar de oankeap fan skoalmeubels
bûten de exploitaasje-fergoeding hâlden wurde (kêst 55 bis leger
ünderwiiswet)
Dat hâldt yn, dat ek yn it gefal der sprake is fan ferfanging,
meiwurking ferliend wurde moat om de nedige skoalmeubels te keapjen.
It kriterium, dêr't in fersyk as boppeneamd oan hifket wurde moat,
is dat "de normale eisen aan het geven van onderwijs te stellen"
net te boppe gean wurde.
Yn dit gefal giet it om in earste oanskaf en boppedat fait de
oanfraach ünder de normale easken, sadat meiwurking op grün fan
kêst 72 fan de leger ünderwiiswet 1920 ferliend wurde moat (imperatyf).
De kosten fan de stuoltsjes binne rüsd op 90,it stik.
Wy stelle jimme rie út meiwurking te ferlienen ta de oanskaf fan
2 beukerstuoltsjes troch de Feriening foar Kritslik Nasjonaal
Skoalünderwiis fan Tersoalerhjirta de benedigde jildmiddels beskikber
te stellen.
Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim,
de siktaris, de boargemaster,
P.H. Starreveld B.G. Holtrop