- 12 - De hear Stallinga stelt as kandidaat de hear Terra. De hear Damsma freget wêrom der út de doarpen hyltyd twa kandidaten steld binne. Wethâlder Van Gorkum andert dat dat de foardracht fan de doarpen is. Der hoecht mar ien persoan per doarp beneamd te wurden. De nammen binne sa op in rychje set dat de earste namme de foardracht fan it kolleezje is. Op it stimbrief kin de namme fan dyjinge dêr't de riedsleden net op stimme wolle, trochskrast wurde. De stemming wordt vervolgens aangehouden tot punt 36 Voorstel tot het geven van commentaar op het T.R.O.P.-beleidsplan en de wijzigings voorstellen van het Streekplan. De hear Terra seit it folgjende: "Wolle wy Fryslân in plak jaan yn it ynlânske rekréative barren, dan sil dizze wichtige saak ek oer hiel Fryslân besjoen wurde moatte. Om in just gebrûk te meitsjen fan wat Fryslân te bieden hat, sawol op it wetter as op it lân, moat dizze saak earst yn grutte linen provinsjaal opsteld wurde, wol it doel fan it T.R.O.P. ta syn rjocht komme. It doel fan it T.R.O.P. wurdt net berikt as elts gebiet en eltse gemeente syn eigen T.R.O.P.ke makket. Wy tinke dat wannear't elts syn eigen sjenswize nei foaren bringt, sünder fer- ban meielkoar, it bedrach dat beskikber is, yn safolle partsjes ferdield wurde moat, dat it net werom te finen is. Foar it útwreidzjen en behâlden fan de wurkgelegenheid is it needsaaklik dat it rekréative barren ferbettere wurdt. Dat bart net as der oeral in lyts bytsje bart. Earst sille de grutte linen útset wurde moatte en dan moat it gehiel ynklaaid wurde Gebrûk meitsje fan wat Fryslân te bieden hat, sawol op it wetter as op it lân; en we hawwe wat te bieden. We hawwe yn Fryslân in grut en unyk wettergebiet mei weardefolle natuergebieten en greiden, want dizze twa-ienheid is de "charme" en de krêft fan it Fryske lân. Farre yn'e natuer en ferbliuwe yn'e natuer op it lân. Men sil fan dizze twa mooglikheden útgean moatte en safolle mooglik dêrfan gebrûk meitsje moatte. Men soe it wetter ferdiele kinne yn: - natuergebieten; - farwetters; - ferbliuw- wetters. Foar it lân soe men in selde soarte ferdieling meitsje kinne. Yn natuergebieten sil de natuer it foarste plak hawwe moatte mei wêr mooglik, sûnder fersteuring, in lytse rekréative ynrin troch fyts- en rinpaden. Yn farwetters sille de natuer en it rekréative barren feriene wêze moatte. Dizze wetters sil men goed befarber meitsje en hâlde moatte. Belemmeringen, lyk as lege brêgen, minimaal 2,50 meter, soene weinommen wurde moatte. Oan dizze wetters soe meiioanlisplakken reâlisearje moatte, bygelyks by de doarpen, mar wol mei goede sanitêre en oare foarsjenningsDer moat ek net hjir en dêr in oanlisplakje makke wurde. Ek soene der lytse minwaarfoarsjennings oan dizze wetters oanlein wurde moatte. Op it ferbliuwswetter sil it rekréative barren it grutst wêze. Hjir moatte dan ek goede oanlismooglikheden makke wurde mei goede sanitêre" en oare foarsjennings Ek oan dizze wetters mooglikheden foar deirekréaasje sa as plankjesilen, fiskjen, swimmen De oansluting fan de wetter- en lânrekréaasje soe men sykje moatte yn'e doarpen bylâns it farwetter en by de ferbliuwswetters As men earst dizze grutte linen útset en dan it gehiel ynklaait, dan is der mear kâns op dat it toeristysk barren yn Fryslân in plak kriget dêr't it rjocht op hat en mei út de fuotten kin. Mar Fryslân is swier fan de plannen en de nota's, no ek wer fan it T.R.O.P. Oft it ea ta in berte komt; ik begjin te twifeljen."

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 14