- 3 - Gjin ienriedigens dus op dit punt yn de gemeenterieden fan IdaarderadielRaarderhirn en UtingeradielRaarderhim giet it fierst. It Frysk moat ynfierd wurde en alles moat der op rjochte wurde om it safier te krijen. Utingeradiel sjocht safolle beswieren (prinsipiële sawol as praktyske) dat men ynfiering fan it Frysk yn it offisjele ferkear ôfwiist. Idaarderadiel nimt in tuskenstânpunt yn. Mear omtinken foar it Frysk is wol akkoart, mar op grûn fan benammen in tal praktyske beswieren moat men net te hurd rinne. 3It einrapport, haadpunten fan belied. a. Lykweardigens en lykberjochtiging. Wy binne it iens mei it sintrale útgongspunt fan it rapport, dat it Frysk en it Nederlânsk lykweardich binne en as útfloeisel dêrfan lykberjochtige wurde moatte. Wy binne it ek iens mei it útgongspunt fan de twataligens, ynhâldende dat hieltyd of foar it Frysk of foar it Nederlânsk keazen wurdt. Folsleine dûbeltaligens wize wy of. It rapport seit fan net, mar yn de praktyske útwurking fan dit útgongspunt hat it der in soad fan dat in belied fan lykwear digens en lykberjochtiging del komt op in belied fan befoardering fan de Fryske taal. It brûken fan it Frysk wurdt dan as doelstel ling steld boppe it brûken fan it Nederlânsk. Op himsels fine wy dat net sâ slim, om't it Frysk in grutte efterstan hat op it Nederlânsk, mar men moat der wol foar hoedzje dat men dêrtroch net sa folie wjerstân opropt, dat it fierdere doel fan de lykberjochtiging net mear helle wurdt. Lykberjochtiging fan it Frysk en it Nederlânsk hâldt neffens ús yn, dat beide talen troch de Fryske oerheid brükt wurde kinne, los fan de fraach oft alle boargers fan Fryslân beide talen ek behearskje. Wat it brûken fan it Frysk oanbelanget, hâldt dit wol yn, dat yn guon gefallen in Nederlânske oersetting levere wurde moat Lykberjochting fan it Frysk en it Nederlânsk hâldt neffens ús net yn, dat de oerheid it brüken fan it Frysk boppe it brûken fan it Nederlânsk stelt. De lykberjochtiging jout in ramt oan, mar skriuwt oangeande de taalkar neat foar, útsein de fatsoensnoarm fan it folgjende taalgedrach en de rjochtsnoarm fan in sa folslein mooglike rjochtsbeskerming. Wy komme der aanst op werom. Wy fine it wichtich om der gjin misbegryp oer ûntstean te litten, dat neffens ús lykberjochtiging net it selde is as it befoarderjen fan sa folie mooglik Frysk yn it offisiële ferkear. b. Rjochtsbeskerming. Wy binne fan betinken, dat rjochtsienheid en rjochtsbeskerming sa wichtich binne, dat dizze wearden steld wurde moatte boppe de lykber jochting fan it Frysk en it Nederlânsk as it giet om it fêststellen fan algemien ferbinende regels (oarderings, regleminten ensfh.Eltsenien moat dy leze kinne, Frysktalich, Nederlânsktalich of dûbeltalich.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 26