- 5 - Gearfetsjende binne wy itop de measte punten fan hente iens mei de konklúzjes en oanbefellings fan de wurkgroep. Wy wolle mear omtinken foar de rjochtsbeskerming, alteast wy hawwe it gefoel, dat de wurkgroep der wat al te maklik oerhinne giet. Fierders wolle wy in goede subsydzjeregeling foar gemeenten d^'t oergear <"oHe ta (mear) Frysk yn it bestjoerlik ferkear. 4Fragen fan Deputearre Steaten. aEvenredige ferdiel_ing__fan_rjochten_j^_plichten__oer__de_Fryske en Nederlanske taalgroep en de hielde fan~ryk, provinsje Fryslan_en_Fryske_gemeenten. Dizze grûngedachte sprekt ús oan. Haadferantwurdlik foar it Frysk yn it bestjoerlik ferkear en foar it opstellen fan belied is neffens ús it provinsiaal bestjoer. Dat wol sizze dat fan it provinsiaal bestjoer in liedende rol ferwachte wurde mei. De gemeenten kinnen as hja dat wolle stypje en útwurkje en derby harren eigen ferantwurtlikens op lokale med stal jaan. It ryk moat it ramt oanjaan, sawol ynhâldlik as finansjeel. b. Frije taalkarôfhinklik_fan_de_konkrete_situaasje. De útwurking fan de begjinsels fan lykweardigens en lykberjochti- ging yn it rapport sprekt ús wol oan. By it kiezen foar it Frysk moat men net gysten, mar hoeden rimpen te wurk gean. Stadichoan wat mear Frysk brûke is te ferkiezen boppe it fan de iene dei op de oare ynfieren fan folsleine lykberjochtiging. Der moat tocht wurde oan de wjerstan dy't in te rimpen belied oproppe kin. c. Rjochtsbeskerming. De oersettingsregeling hat ús ynstimming. Dat isek sa mei de útwurking yn de punten soarchfûldige taalkar en dûbeltaligens yn útsûnderingssituaasjes Dochs binne wy fan betinken, dat algemien ferbinende regels, offisiële (wetlik foarskreaunemeidielings en yn guon gefallen ek beskikkings, as hja ientalich Frysk binne, de rjochtsienheid en rjochtsbeskerming oantaaste kinne. Wy kieze yn dit wichtige stik fan saken foar ientalich Nederlânsk. d. Taalwet en fakultatyf_beliedsplan. Wy kinne ús lyk fine mei de útstellen. e. Maatregels. Der moat in subsydzjebelied komme. Fierders hawwe wy genôch oan de maatregels dy't al nommen binne. f. Nammejouwing. Wy fine, dat de nammen fan de doarpen fan ús gemeente yn it Frysk fêststeld wurde moatte. De útwurking fan dizze miening yn in riedsútstel wachtet op rapportaazje fan de troch de ried ynstelde wurkgroep.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 28