W 18. Utstel oangeande it fêststellen fan in reiskostenfergoeding foar it ünderwizend personiel by it beuker en leger ünderwiis yn dizze gemeente GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou 5 oktober 1984. Yn de gearkomste fan 10 maaie 198i+ mei de haden fan de iepenbiere skoalle foar beuker- en leger ünderwiis is fan de side fan it ünder wizend personiel frege nei in mooglikheid om reiskostenfergoeding foar tsjinstreizen. Mei in tal learkrêften is doe Sfpraat in koste- oersjoch te meitsjen om in yndruk te krijen fan de kosten dy't men sa al makket yn it belang van it ünderwiis. It docht bliken, dat it tal saken dêr't de learkreften harren foar ynsette utien rinne fan sikenbesyk oan't en mei it bywenjen fan gear- komsten en it fogjen fan in leargong. Us kolleezje is fan betinken, dat in fergoeding ferliend wurde kin foar tsjinstreizen, lyk as de amtners op de sitary en gemeentewurken dy ek krije. Wol is it sa, dat de finansjele gelykstelling fan iepenbier en by- sûnder ünderwiis easket, dat it ünderwizend personiel fan bisündere skoallen ek rjoch hawwe op in reiskostenfergoeding ûnder deselde be- tingsten as dy jilde foar it iepenbier ünderwiis. De kosten wurde rust op sa'n 1.000,jiers, der fan utgeande dat der trochstrings 50 kilometer troch it personiel fan eltse skoalle yn it belang fan it ünderwiis ferreizge wurdt. Wy stellen jimme ried dan ek ut foar it ünderwizend personiel fan sawol iepenbiere as bysündere skoalle in regeling fêst te stellen en in kredyt oerienkomstig fêst te stellen. It ûntwerp-beslút leit op besjen by de riedsstukken. Boargemaster en wethalders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 69