-3-
fucrtbestean fan de Fryske taal is de striid foar it fuortbestean
fan de Friezen seis.
Ut dy gedachte wei jouwe wy ús kommintaar op it rapport seis en
op jim reaksje op dat rapport.
De saak fan it Frysk as taal stiet der faai foar. Al earder hawwe
wy dêrop wiisd. As de delgong him yn'e takomst like hurd fuortset
as yn de leste jierren, dan meie wy oannimme dat mei de twa
kommende generaasjes it Frysk ferdwûn is as der net soarge wurdt
foar tsjinspul. Dêrom is de betsjutting fan it rapport dat as
ûndertitel "Faigeunst nei rjocht" meikrige, sa grut.
It sil it hâlden en dragen fan de oerheden op it mêd fan it Frysk
taalgebrûk yn it bestjoerlike ferkear foar de kommende jierren
rjochting jaan. Wy sjogge dit rapport lykwols noch mar as in foar-
sichtich begjin. Fan in algehiele emansipaasje fan it Frysk en
dêrmei fan de Friezen seis is neffens ús noch gjin sprake. Soks
soe û.o. wolris komme kinne fanwegen it feit dat yn dat rapport
oan in belangryk histoarysk feit foarby gien is. Wat it rapport
net neamt is dat yn'e midsieuwen it Frysk as folsleine bestjoers-
taal funksjonearre hat en dat neierhân it Frysk troch in oare be-
stjoerstaal (it Hollânsk) ferkrongen is. De delgong fan it Frysk
moat dêrom op namme skreaun wurde fan de sintralistyske Hollânsk-
talige oerheden. Wy sjogge it dêrom as in histoarysk rjocht it
Frysk it plak fan eartiids wêrom te jaan.
It gelikensensbegjinsel, dus de lykweardigens fan de beide talen
yn Fryslân en de lykberjochtiging fan de minsken dy't dy taal prate,
foarmet it sintrale punt yn it rapport. Soks sprekt wol oan as
dat liedt ta in lykwichtige ferdieling fan rjochten en plichten
oer frysktaligen en net-frysktaligen yn Fryslân.
Wy moatte lykwols betinke dat:a. de taalmacht en dus de taalstatus
fan it Hollânsk folie grutter is as dy fan it Frysk, b. dat foar
de kommunikaasje yn it grutte steatsferbân (de massamedia ensfh.)
it Hollânsk in grutte foarsprong hat.
Wolle wy der wat tsjinoer stelle, dan sil it Frysk foar de kommuni-
kaasje yn Fryslân de earste taal wêze moatte foar de provinsje en
gemeente. Derfandinne dat wy ús net fine kinne yn de fraze op side
3"Lykberjochtiging fan it Frysk en it Nederlânsk hâldt neffens ús
net yn, dat de oerheid it brûken fan it Frysk boppe it brûken fan it
Nederlânsk stelt."
Wy fine dat it brûken fan it Frysk wol steld wurde moat boppe it
bruken fan it Hollânsk en hoopje dêrby stipe te krijen fan de oare
fraksjes
De passaazje :"Wy fine it wichtich om der gjin misbegryp oer Ont-
stean te litten, dat neffens ús lykberjochtiging net itselde is as
it befoarderjen fan sa folie mooglik Frysk yn it offisjele ferkear"
soene wy yn datselde ramt sjen wolle, benammen ek mei it each op de
efterstân fan it Frysk. Ek by dy passaazje soene wy it wurdsje "net"
feroarje wolle yn it tsjinstelde wurd: "wol". Ek by dy feroaring
soene wy graach de stipe fan de oare fraksjes hawwe wolle.
Oer de rjochtsbeskerming is it rapport neffens ds tige ynkonsekwint
en ús kolleezje folget dat. As de wurkgroep fanwegen de rjochtsbe
skerming it bruken fan it Frysk beheine wol, is se dochs yn striid
mei har eigen útgongspunt dat elkenien yn Fryslân achte wurdt it
Frysk ferstean en léze te kinnen. Wêrom soe dat ynienen net mear sa
wêze as it rjochtsgefolgen ha kin? Krekt foar de taalmacht en de
taalstatus fan it Frysk is it fan belang dat dy taal ek foar wich
tige saken brukt wurdt!
Us kolleezje seit: "Eltsenien moat dy (oarderings, regleminten, ensfh)
léze kinne.