-3- fucrtbestean fan de Fryske taal is de striid foar it fuortbestean fan de Friezen seis. Ut dy gedachte wei jouwe wy ús kommintaar op it rapport seis en op jim reaksje op dat rapport. De saak fan it Frysk as taal stiet der faai foar. Al earder hawwe wy dêrop wiisd. As de delgong him yn'e takomst like hurd fuortset as yn de leste jierren, dan meie wy oannimme dat mei de twa kommende generaasjes it Frysk ferdwûn is as der net soarge wurdt foar tsjinspul. Dêrom is de betsjutting fan it rapport dat as ûndertitel "Faigeunst nei rjocht" meikrige, sa grut. It sil it hâlden en dragen fan de oerheden op it mêd fan it Frysk taalgebrûk yn it bestjoerlike ferkear foar de kommende jierren rjochting jaan. Wy sjogge dit rapport lykwols noch mar as in foar- sichtich begjin. Fan in algehiele emansipaasje fan it Frysk en dêrmei fan de Friezen seis is neffens ús noch gjin sprake. Soks soe û.o. wolris komme kinne fanwegen it feit dat yn dat rapport oan in belangryk histoarysk feit foarby gien is. Wat it rapport net neamt is dat yn'e midsieuwen it Frysk as folsleine bestjoers- taal funksjonearre hat en dat neierhân it Frysk troch in oare be- stjoerstaal (it Hollânsk) ferkrongen is. De delgong fan it Frysk moat dêrom op namme skreaun wurde fan de sintralistyske Hollânsk- talige oerheden. Wy sjogge it dêrom as in histoarysk rjocht it Frysk it plak fan eartiids wêrom te jaan. It gelikensensbegjinsel, dus de lykweardigens fan de beide talen yn Fryslân en de lykberjochtiging fan de minsken dy't dy taal prate, foarmet it sintrale punt yn it rapport. Soks sprekt wol oan as dat liedt ta in lykwichtige ferdieling fan rjochten en plichten oer frysktaligen en net-frysktaligen yn Fryslân. Wy moatte lykwols betinke dat:a. de taalmacht en dus de taalstatus fan it Hollânsk folie grutter is as dy fan it Frysk, b. dat foar de kommunikaasje yn it grutte steatsferbân (de massamedia ensfh.) it Hollânsk in grutte foarsprong hat. Wolle wy der wat tsjinoer stelle, dan sil it Frysk foar de kommuni- kaasje yn Fryslân de earste taal wêze moatte foar de provinsje en gemeente. Derfandinne dat wy ús net fine kinne yn de fraze op side 3"Lykberjochtiging fan it Frysk en it Nederlânsk hâldt neffens ús net yn, dat de oerheid it brûken fan it Frysk boppe it brûken fan it Nederlânsk stelt." Wy fine dat it brûken fan it Frysk wol steld wurde moat boppe it bruken fan it Hollânsk en hoopje dêrby stipe te krijen fan de oare fraksjes De passaazje :"Wy fine it wichtich om der gjin misbegryp oer Ont- stean te litten, dat neffens ús lykberjochtiging net itselde is as it befoarderjen fan sa folie mooglik Frysk yn it offisjele ferkear" soene wy yn datselde ramt sjen wolle, benammen ek mei it each op de efterstân fan it Frysk. Ek by dy passaazje soene wy it wurdsje "net" feroarje wolle yn it tsjinstelde wurd: "wol". Ek by dy feroaring soene wy graach de stipe fan de oare fraksjes hawwe wolle. Oer de rjochtsbeskerming is it rapport neffens ds tige ynkonsekwint en ús kolleezje folget dat. As de wurkgroep fanwegen de rjochtsbe skerming it bruken fan it Frysk beheine wol, is se dochs yn striid mei har eigen útgongspunt dat elkenien yn Fryslân achte wurdt it Frysk ferstean en léze te kinnen. Wêrom soe dat ynienen net mear sa wêze as it rjochtsgefolgen ha kin? Krekt foar de taalmacht en de taalstatus fan it Frysk is it fan belang dat dy taal ek foar wich tige saken brukt wurdt! Us kolleezje seit: "Eltsenien moat dy (oarderings, regleminten, ensfh) léze kinne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 6