-4- En ferfolget op side 4 mei: "Gm't eltsenien yn Fryslên achte wurdt it Nederlânsk te ferstean, kieze wy foar it brûken fan dizze taal, ensfh It is spitich dat de earder folge line ferlitten wurdt. Wy sizze: eltsenien kin dy ferbinende rigels leze yn it Frysk as er wo]en dêr sit him de oast: as it moat sil er ek wolle! As it sa giet as ús kolleezje him dat tinkt, dan sil it Frysk by it opmeitsjen fan algemien ferbinende rigels, it publisearjen fan wetlik foarskreaune iepenbiere meidielings, ensfh. nea mooglik wurde en dêr wolle wy no krekt net hinne! Dat moat wol mooglik wurde neffens ús Wat it opmeitsjen fan oersettings oanbelanget, sa skriuwt it kolleezje, binne wy it mei it rapport iens, dat der oer it generaal nei twa jier wenjen yn Fryslên net mear oan begûn wurde moat. Utsûnderings binne lykwols net útslúten. Soene wy witte meie hokker kriteria dêrfoar oanlein wurde sille? Wat de útgongspunten by de produksje fan oerheidsstikken oanbe langet it folgjende. De frijheid fan taalkar liedt derta dat, sjoen de besteande tradysje, de amtner earst foar it Hollânsk kieze sil. De frijheid fan taalkar moat dêrom fersmiten wurde. Oangeande it begjinsel fan it folgjend taalgedrach moat net út it each ferlern wurde, dat salang 't mar 11 persint fan'e befolking ridlik goed Frysk skriuwe kin en net of frijwol net wend is om him yn it Frysk ta de oerheid te rjochtsjen, frijwol alles wat ynkomt yn it Hollênsk is. Dat útgongspunt fan folgjend taalgedrach is yn striid mei in aktyf taalbelied fan de oerheid. It begjinsel fan de bestimming fan oerheidsstikken sjit yn ús eagen tekoart as it ta in aktyf belied komme sil. De fraach yn hoefier 't kennis fan it Frysk ferwachte wurde kin by de oanskreaune persoan of ynstelling liedt by ûnbekendens mei dy persoan of ynstelling ta in kar foar it Hollânsk. Allinnich inkelde gefallen dêr't it fan bekend is, wurdt in Frysktalich oerheidsdokumint tastjoerd. Op it punt fan de bestimming wolle wy dat oan partikulieren yn Fryslân fan wa't fierder neat bekend is, Frysk skreaun wurde moat. It begjinsel fan de rjochtsbeskikking hawwe wy al earder neamd, en sil lykas it begjinsel fan de kontinuïteit de posysje fan it Frysk gjin goed dwaan. It begjinsel fan de kontinuïteit sil de kontinuïteit fan it Hollânsk wurde, troch de foargeande begjinsels fan de frijheid fan taalkar, folgjend taalgedrach, bestimming oer- heidsdokuminten en rjochtsbeskerming. Allinnich de bysûndere gef al leni__de_útsûnderin2en_binne_Yn_it_FrYskj Üs-könkïúzjë~îs~dät~dër gjIn ëmänsipaäsje fin it Frysk pleats fine sil. In positive diskriminaasje fan it Hollânsk is no it gefal en dy wurdt fuortset. Dat moat ombûgd wurde. It sil sa wurde moatte dat it brûken fan it Hollânsk dúdlik motivearre wurde moat! Wy kinne ús lykfine mei de opfettings oer de finânsjele aspekten sa't it kolleezje dy werjout. Se prate dêrby oer it yn tsjinst nimmen fan in oersetter. Wy soene it leaver in begelieder neame wolle, om't wy fine dat alle amtners it seis earst besykje moatte, oars leare se it nea. In korrektor dy't korreksjewurk docht en dy korreksjes trochpraat mei de amtner, laat allinne ta in better Frysk taalgebrûk by de amtners. Dat de gemeente seis stean moat foar it befoarderjen fan de kennis fan it Frysk yn it amtlik apparaat is in treflik stênpunt. Ek it folgjen fan taalkursussen troch amtners. Lykwols: it Frysk is foar de hiele provinsje fan grut belang. Derom sil it Frysk op'e bestjoersskoalle yntegratyf syn plak fine moatte en sille de dosinten wat de lessen oanbelanget op syn minst op in 50-50 basis gebruk meitsje moatte fan de beide rykstalen. It lânlik sintralistysk eksamen moat foar Fryslên oanpast wurde, wat it bruken fan it Frysk oanbelanget.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 7