-5- By it beneamingsbeslút soene wy it behearskjen fan it Frysk as funksje-eask stelle wolle# ûnôfhinklik fan de sitewaasje. Dat soe betsjutte kinne dat op termyn de winslike en fereaske Fryske diploma's helle wurde moatte De slútsin under 4a is ús net alhiel dúdlik. "It ryk moat rit ramt oanjaan# sawol ynhaldlik as finânsjeel. Soe it koileezje oer it wurd ynhaldlik ús fertelle wolie wat har derby foar eagen stiet? Dat it koileezje by de ynfiering wat hoeden te wurk gean wol is net ûnferstannicn liket úsYn dat gefal soe der in fazearre ynfieringsplan komme moatte. Mei jim binne wy fan miening dat de namme fan de provinsje feroare wurde moat yn "Fryslân". It is foar ús Friezen dochs wol beskamsum dat wy noch altyd yn "Friesland" wenje. De namme Fryslân hat in swiere symboalfunksje. Foar ús wenje allinne Frieslanders yn Friesland en sille wy Friezen aanst mooglik yn Fryslân wenje. Lit ús hoopje dat soks op sa koart mooglike termyn syn beslach kriget As ôfslúting soene wy dit sizze wolle oer it rapport. It ein- rapport "Fan geunst nei rjocht" hat syn titel (noch) net wier- meitsje kinnen. Oan it rjocht komt it (noch) net ta. Wy sjogge it rapport as in begjin fan de sitewaasje sa't dy eins wêze moatte soe. Dêrom sjogge wy dit net as einrapport mar as oer- gongsrapportIt Frysk kriget foarearst in marginaal plak under it Hollânsk. Sa sil it Frysk nea in yntegrearre plak yn it bestjoers- apparaat krije. Soks is nedich om as earste bestjoerstaal yn Frys- lân funksjonearje te kinnen. Wy wolle in aktiver belied op it mêd fan it Frysk mar ek it ein- doel moat goed keazen wurde. It liket wol as doart de wurkgroep it eindoel: it Frysk as earste bestjoerstaal net út te sprekken. Dêrom is it ek typysk in stik fan in legere oerheid yn in sintra- listyske steat, dy't blykber alderearst ferlet hat fan ynstimming fan it sintrale bewâld. De sitewaasje yn Switserlên jout oan# dat in eigen taal foar in diel fan it lân, net stridich wêze hoecht mei de steatsienheid. De treflike oansetten yn it einrapport wurdearje wy,as faze yn in ûntjouwing# tige. As oanset foar in fundamintele diskusje oer it plak en de takomst fan it Frysk kin it fan grutte betsjutting wurde" De hear Terra seit dat de CDA-fraksje it wol iens is mei it stân- punt fan it koileezje. Hy is fan miening dat sawol provinsje as gemeente in wichtige taak hawwe# al fynt hy wol dat de provinsje foarop moat yn it stypjen en brûken fan de Fryske taa. Oantrúne ta it mear brûken fan it Frysk liket him in goede saak. Hy kin it ek goedkrije dat de plaknammen yn it Frysk oerset en brûkt wurde. De hear De Wolf komplimentearret it koileezje mei dit stik. Der wurdt besocht sa folie as mooglik de Fryske taal en kultuer te beskermjen. Mar yn it foarste plak moat soks praktysk út te fieren wêze Wethêlder Poppen seit dat in ferskil fan miening wol altiten be- stean bliuwe sil. Hy fynt dat it Frysk brúkt wurde moat# wêr't dat mooglik is. Men kin seis sprekke fan in positive foarsprong jaan oan it Frysk# mar dan net sa dat it bruken fan it Frysk der ynpompt en ynwraamd wurdt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 8