- 7 - de kosten fan oansluting by Súd-East Fryslân, de kosten fan oansluting by Waghenbrugghede kosten fan alles yn eigen behear dwaan en de kosten fan. in kombinaasje hjirfan. Oer de léste mooglikheid is namtlik bekend dat yn Skarsterlân en Wûnseradiel ferskate wurkmienskippen nést elkoar goed funksjonearje. It sil it kolleezje bekend wêze dat de wurknimmers út ús gemeente dy't by Waghenbrugghe arbeidzje, allinne op frijwillige basis oergean kinne nei de oare wurkmienskip fan Súd-East Fryslân. Wolle hja dat net dan kostet dat ús gemeente 8.600,= yn't jier, dêr't gjin wurk foar dien wurdt. Dy sinten kinne nearne ferhelle wurde. Der hat gjin oerlis west mei de wurknimmers. No't ús dizze gegevens bekend binne, is de F.N.P.-fraksje fan betinken dat wy yn dit gefal net úttrede kinne en moatte. Wethâlder Van Gorkum fynt it nuver dat de hear Damsma it nuver fynt dat hy büten de proseduere halden is. Yn in algemien bestjoersgearkomste fan Waghen brugghe is der oer praat (doe wie de hear Damsma tafallich mei fakânsje) en no hat hy as riedslid de kâns der ek noch wat fan te sizzen. Yndied is de basis foar dit útstel de regiokar, om't de gemeente fan betinken is dat de gearwurkingsferbannen sa folie mooglik gear falie moatte mei de regio. It bart yn de polityk ek wol dat in saak naaid wurdt sa't dy knipt is, mar sprekker is noch net samar ree om him by it útstel fan de provinsje (Boarnsterhim by Súdwest-Fryslân) del te lizzen. Wat de jildsaken oanbelanget hat de gemeente sein dat úttreding by Waghen brugghe betelle wurde moatte soe troch Súd-East Fryslân. Ut it konsept-brief die him hjoed bliken dat der gjin úttredingskosten betelle wurde hoege. Wat de wurksumheden oanbelanget is der bekend wat der oan Waghenbrugghe betelle wurdt en Súdeast-Fryslân hat opjün wat der foar dat selde wurk betelle wurde moat. 0,- beide opjeften üntrinne elkoar net in soad, sadat it "budgetair neutraal" steld wurde kin. Fanwege it útgongspunt de mienskiplike regelingen safolle mooglik yn i.en regio kinne wy net r.wa wurkmienskippen oanhâlde. Der is net ündersocht wat it de gemeente kostet as it wurk yn eigen nehear dien wurdt. Yn it foarste plak wie wol dúdlik dat it dochs djoerder utfalle soe en fierder hat de gemeente nei de wurknimmers by de wurkmienskippen eins de ferantwurdiikheid dat der ek foar dy minsken wurk bliuwe moat. Fierder hat de gemeente mei it oerlis tusken skip en wurknimmers neac te krijen. Mar no't it ütstel der leit om it wurk fasearre oer te dragen docht it probleem fan oerpleatsen fan wurknimmers him ek net iens mear foar. It kolleezje is fan betinken dat de gemeente wol úttrede moat en kin. En as de ried dit útstel goedkart sil der besocht wurde dat noch per 1 jannewaris 1985 te regeljen. De hear Damsma seit dat as de wethâlder tsjin in beslút fan D.S. oer de regio- yndieling protestearje sil, hy him dér wol yn stypje sil, mar hy is lykwols bang dat it neat úthelje sil. Dêrom liket it him ferstanniger no net út de wurkmienskip Waghenbrugghe te treden om't de gemeente dan aanst seis yn in regio sit en de regelingen allegeare earne oars hat. Zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten met dien verstande dat de fractie van de F.N.P. wordt geacht te hebben tegen gestemd. Vervolgens schorst de voorzitter om 21.00 uur de vergadering voor een pauze. De voorzitter heropent de vergadering om 21.25 uur en stelt aan de orde punt: 8Voorstel om toe te treden tot de gemeenschappelijke regeling Openbaar Lichaam Afvalverwijdering Friesland (O.L.A.F.). Mevrouw Aukes vraagt zich af of het college ook overwogen heeft niet toe te treden tot deze regeling. Het is nl. niet verplicht. De kosten voor het op halen en verwerken van het vuil zullen aanzienlijk stijgen volgens de begroting

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 10