- 12 - detailkwestje dy't hjir net oan de oarder hoecht te kommen. Fierder binne de reservearrings sa't dy yn it útstel opnommen binne, it resultaat fan it ynskatten hoe't it komme sil. Der lizze gjin hurde feiten as grûnslach mar mear de ünderfining út it ferline. It kommende jier sil dochs ek in proef- jier wêze. As men no al begjint mei jilden te ferskowen dan leit men dy eins fêst en dat kin it doel net wêze neffens sprekker. Fierder moat der yn de rin fan it jier besjoen wurde wat de ünderfinings binne mei de wenningferbetteringIt kin wêze dat der bepaalde grinzen lein wurde moatte, om't oars de middels net tarikkend binne. Ek kin der besjoen wurde oft der mei jilden skood wurde moat. Dy kar hoecht hjoed net makke te wurden. Dit útstel hâldt mear de tinkwize yn fan it kolleezje oer wat it ferrin wêze kin. Oan de jilden foar de sosiaal-kulturele ynstellings wol sprekker no ek noch gjin bestimming jaan. Dat moat earst besjoen wurde. It selde jildt foar it bedrach dat p.m. raamd is. Dat jild wurdt dêr bestege dêr't men dat tige need- saaklik fynt. Sprekker is fan betinken dat de wenningbouferiening yndied belutsen wêze moat by de plannen, mar de gemeente moat dan wol earst seis in belied opsteld hawwe. Wat de 450.000,= oanbelanget dy't de hear Damsma neamt, is it kolleezje dwaande te besykjen dy sinten los te krijen. De opmerking fan de hear De Wolf oer side 8 is neffens sprekker terjochte. Hy hie dat op foarhân al sizze sild dat it stik "in dorpsvernieuwingsgebieden (als zodanig aangewezen door de gemeenteraad)komt te ferfallen. Wethâlder Poppen is mear thús op it mêd fan de Raja, dat as dy dêr wat fan sizze wol, dan komt dat wol. De hear Bethlehem is fan betinken dat as der in ynspraakoardering fêststeld wurdt, de ynw^imers ek de kâns krije moatte om yn te sprekken. Sprekker is fierder fan betinken dat ek al giet it om in proefjier, cv sifers dochs fêststei;.: wurde moatte en yn syn tinkwize liket it him better cio wol dy 50.000,= te ferskowen. Dy sinten soene oerhevele wurde moatte om't dar yn de wenningferLettering dan mear wurk dien wurde kin. It is ommers nee sein dat der dit jiar foar de midden- en lytse bedriuwen 200.000,= nedich wêze sil De jilden foar de sosiaal-kulturele ynstellings wol hy no ek net fêst lizze, mar hy hopet dat it kolleezje mei in útstel komt wêryn dat jild foar "Medium" reservearre wurdt, en dat is dan syn eigen idee. De hear Nieuwdam wol it útstel fan de hear Bethlehem om 50.000,= oer te he vel jen, stypje. Sûnt ôfrûne novimber kinne der gjin oanfragen foar wenningfer bettering mear ôfhannele wurde om't der gjin jild foar is. It liket him ta dat as der genôch foar beskikber komt dat der dan ek mear wurkgelegenheid üntstiet. It liket him fierder goed dat op side 8 by it twadde oandachtstreekje de bedragen foar 100% fergoede wurde, mar dat dêr sa't de wethâlder oanjoech, wol bepaalde grinzen oan steld wurde kinne. De hear Damsma freget oft de oare fraksjes der wat foar fiele om oer de taseine 450.000,= dy't net útbetelle wurdt, in moasje te stjoeren nei it regear. De hear Van den Berg is fan betinken dat it foar in wurkbere situaasje better is om moasjes of ideëen dêroer op syn lést de freeds foar de riedsgearkomste te fersprieden sadat eltsenien dochs noch wat tiid hat om him of har dêr op ta te rieden. Hy wol dan ek net op it idee fan de hear Damsma yngean. De voorzitter vindt dat de werkwijze van de raad niet in een vergadering aan de orde hoeft te komen. De gedachte van de heer Damsma om over deze materie een motie aan de staatssecretaris te sturen is op zich niet verkeerd, hoewel spreker wel van mening is dat het instrument "motie" niet al te klakkeloos gehanteerd moet worden om te voorkomen dat de waarde ervan te veel zou dalen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 15