- 4 - Hy is der wol bliid mei dat de ûndernimmer ree wie foar it leegjen fan de konteners ien taryf yn de gemeente jilde te litten. Sprekker is ek fan be- tinken dat it kolleezje dy ûndernimmer wize moat op de tsjinstferliening nei de boarger ta. Fierder moat dy hiele üntjouwing, benammen wat de kosten oanbelanget, goed yn de gaten hâlden wurde. De oardering oer it opheljen fan bedriuwsôffal bliuwt bestean sadat de gemeente altyd in alternatyf hat. Hy fynt it wol spitich dat der op foarhân al útfiering jûn is oan dit beslüt. Der stiet ntl. al in publikaasje oer de hússmoargens yn de krante wylst der yn de ried noch net oer praat is. Ek stiet der yn oan hokfoar easken de fer- pakking foldwaan moat en dat der, as it net goed is, spul stean bliuwe sil. It liket him better dat de nije opset net earder ynfierd wurdt dan nei't der goed oer praat is en nei1t der oan it publyk goedewiidweidige ynfor- maasje jûn is. Ek soe der nei in jier yn de ôfdieling of de ried besjoen wurde moatte hoe't dizze nije opset wurket. Mevrouw Aukes is het in grote lijnen eens met de heer Bouma. Zij was er altijd al voor om de containers af te stoten, maar dat moet wel aan voorwaarden ge bonden zijn. Verder lijkt het haar ook kosten besparend als het ophalen van vuil in het waterrecreatiegebied afgestoten wordt. Zij vraagt zich af in hoe verre het college die mogelijkheid bekeken heeft. Ook vraagt spreekster of deze nieuwe opzet aanleiding is om een vacaturestop voor die dienst in te stellen. De hear Van der Baan is bliid mei dizze nije opset fan de smoargensopheltsjinst. dy't wol in grutte kostebesparring jout. Syn fraksje hie dêr by de begruttings- behanneling 14 al nei frege. Hy is it mei de oare sprekkers wol iens dat publikaasjes co dit stuit noch wat te betiid binne. Ek moat der oan de boarger dúdlik makke *.rde dat in oare opset fan de opheltsjinst foar harren bosten besparjend wur .at. Fierder moat dit net de ein wêze fan de optimaliseerring fan dizze tsjinst. It skieden ynsammeljen fan de organyske fraksje kin ek noch kostenbesparjend wurkje op de opheltsjinst en dat moat wol ûndersocht wurde neffens sprekker. De hear Terra seit dat it measte hjir al oer sein is. Hy fynt it goed dat de üntjouwingen folge wurde. Ek is hy bliid mei it finansiële foardiel dat de ynwenners fan dizze reorganisaasje hawwe sille. As de publikaasje dien is sa't de hear Bouma sein hat foarsjocht hy yn guon doarpen wol swierrichheden, as de opheltsjinst wat stean lit om't it net oan de easken foldocht. Dat komt om't de minsken dêr it smoargens nei sammelplakken bringe. Wethâlder Van Gorkum seit dat it de opjefte fan ried, kolleezje en amtners is om ta in sa goed mooglike organisaasje te kommen. As dat net alhiel slagget hat men der altyd seis by west. Fierder fynt hy it wol spitich dat der op it stuit fan de twadde ôfdielingsgearkomste noch net genôch ynformaasje wie oer dizze reorganisaasjeDer moat lykwols wol betocht wurde dat sa'n reorganisaasje net allinnich konsekwinsjes hat foar de boargers mar ek foar de minsken dy't by sa'n tsjinst wurkje en dêr moat men tige hoeden mei om gean. De publikaasje yn de krante giet oer de ynterne reorganisaasje fan it opheljen fan it hûssmoargensEn dat hat eins neat mei it bedriuwsôffal te krijen. It wie tiege wichtich om dizze nije regeling op 1 jannewaris yngean te litten. Der sil in goede begelieding wêze foar de boarger. As it al te slim is, sil der immen by de minsken oan hüs prate oer wat de goede manear fan oanbieden is. De foarskriften binne altyd tige soepel hantearre, mar it like it kolleezje wol goed dat de ynwenners ek nochris te sjen krigen hoe't it formeel eins moatte soe. Wat de sammelplakken oanbelanget, tinkt sprekker dat it foar de opheltsjinst al in tige wichtich punt is, dat de minsken harren smoargens op in sintraal punt oanbiede. Hy tinkt net dat der dan sa gau wat stean bliuwe sil. Oangeande it ôfstjitten fan it kontenerleegjen, seit sprekker dat hy dêr net sa gelokkich mei is. It hie moaier west as de gemeente dat seis dwaan koe,

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 7