Utstel ta it fêststellen fan de begrutting foar it Projekt Minsken Sûnder Wurk. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 30 jannewaris 1985. Hjirby lizze wy jimme de begrutting foar fan it Projekt Minsken Sûnder Wurk foar it jier 1985, sa't wy dy krigen hawwe fan de stjoer- groep De begrutting fan it Projekt hat net in offisiële status en hoecht as sadanich dan ek net troch de ried fêststeld te wurden (oars dus as by it gasbedriuw, it grûnbedriuw en De Twine). De bydrage fan de gemeente oan it Projekt is opnaam yn de gemeentebegrutting, dy't 25 febrewaris oansteande yn jimme gearkomste oan'e oarder komt. De begrutting fan it Projekt kin sjoen wurde as in taljochting dêrop en kin dus ynhâldlik op 5 febrewaris bepraat wurde. De stjoergroep hat us de begrutting oanbean mei de folgjende wurden. "It earste Boarnsterhim jier hat in jier west fan útwreiding fan de gemeente, nije doarpen, nije projekten, nije ûnderkommensin nij kolleezje, nije subsydzjefoarskriften en in nije stjoergroep. Foar de nij ynstalearre stjoergroep wie it dêrom net in maklik jier. Wy hawwe it earste healjier mei dizze besetting faak byelkoar west. Under oaren in tal kearen om thús te reitsjen yn de algemiene projekt- en begruttingssaken. Derby binne wy op in tal punten stjitten dy't noch neier útdjippe wurde moatte. Dat binne sawol haad- as bysaken. Yn dizze maaityd sil dêrom yn ús stjoergroep in diskusje hâlden wurde oer beliedsútgongspunten fan it wurkjen foar en mei minsken sûnder betelle wurk. It plan fan útgongspuntenwat de gemeenteried fan Idaarderadiel yn septimber 1983 fêststeld hat, sil by dizze diskusje yn'e stjoer groep as útgongspunt nommen wurde. Nei dizze diskusje sil de stjoergroep in nij beliedsplan oan de gemeenteried fan Boarnsterhim foarlizze. De stjoergroep hat yn har gearkomste fan 16 jannewaris de foar jimme lizzende begrutting en beskriuwing goedkard, mei ien betingst. Yn de begrutting punt H stiet in bedrach opnommen foar aktiviteiten foar de jongerein. De stjoergroep hat fan dat bedrach, grut 7.300, 3.200, reserfearre foar it ûntwikkeljen fan famkeswurk yn de gemeente, sadat der noch 4.100,oerbliuwt foar oare plannen. Mei dizze begrutting kinne wy op in ferantwurde wize wurkje oan it ferbeterjen fan de posysje fan minsken sûnder wurk. Wy freegje jimme dêrom om it troch ús frege gemeentelik oandiel yn de projektkosten foar 1985, grut 75.712,80, foar dit wurk ta te kennen. De oare subsidianten, te witten de ministearjes fan W.V.C. en Sozawe, hawwe harrenoandiel yn dizze begrutting foar 1985 al tasein.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 1