- 2 - Fierders wolle wy jimme noch witte litte dat wy in de maaityd ús jierferslach oer 1984 fêststelle sille. Mooglik kin dit ferslach gelyk mei it nije beliedsplan oan de ried foarlein wurde. De nije begrutting foar 1986 sil de stjoergroep yn augustus fan dit jier fêststelle, sadat it Projekt Minsken Sûnder Wurk as ynte- grearre diel fan de algemiene gemeentebegrutting opnommen wurde sil Rekenjend op in goede wikselwurking tusken ús stjoergroep en jimme ried tekenje wy." Oan boppesteand "oanbiedingsbrief" hawwe wy neat ta te heakjen. Oer de begrutting seis wolle wy noch wol fêstlizze en wy soene graach sjen, dat jimme ried dat ûnderstreekje soe, dat de foar in "werkmeester houtprojekt" en in "grafisch medewerker werklozen- krant" opnommen posten foar salariskosten yn earsten blokkearre wurde om ús de tiid en de gelegenheid te jaar ús noch neier te berieden oer it al of net yn tsjinst fan de gemeente nimmen fan dizze funskjonarissen. Wy binne der noch net rjocht út. Mei yn achtnimming fan dit foarbehâld kinne wy it iens wêze mei de begrutting foar it Projekt Minsken Sünder Wurk. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. Kopy: PMSW, MS en fin.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 2