-5- De voorzitter denkt dat het er hier om gaat dat de raad aanleiding ziet om op een eerder genomen besluit terug te komen. Hij stelt voor het advies van de commissie voor beroep- en bezwaarschriften om het bezwaarschrift gegrond te verklaren, over te nemen. Zonder hoofdelijke stemming wordt het bezwaarschrift gegrond verklaard, waarbij de fractie van de F.N.P. wordt geacht hier tegen te zijn. 5. Voorstel inzake straatnaamgeving. De hear Bethlehem seit dat as strjitten nei minsken ferneamd wurde moatte hy de kar fan "Sjirk de Grootstrjitte" Ûnder Ilb. wol Onderstreekje kin. Hy fynt de namme "Ecomastrjitte" wol goed fûn fan de Geakunde kommisje, mar om't der al mear strjitten nei minsken ferneamd binne liket it him better dat ek dizze strjitte ferneamd wurdt. Ek om't de namme "Ecoma" fan in âlde buorkerij, lang sa folie net seit as de namme fan "Jikke Benedik- tus". Mefrouw Watzema sil dêr wat in wiidweidiger taljochting oer jaan. Mefrou Watzema seit dat pleatslik belang allinnich f"rege is _om in reaksje te jaan op de namme "Sjirk de Grootstrjitte". Der wie doe noch net bekend dat der twa strjitten in namme hawwe moasten. No't dat út de riedstikken wol bliken dien hat, stelt hja út om de namme "Ecoma" te feroarjen yn "Jikke Benediktus". Dat wie in frou dy't in grutte rol spile hat yn it mienskipslibben fan Boarn en it liket sprekster goed dat op dizze wize de neitins oan Jikke Benediktus yn stân hâlden wurdt. Fierder past dy strjitnamme better yn de omjouwing as Ecomastrjitte om't der mear strjitten nei minsken ferneamd binne. De hear Nieuwdam seit dat hy oer it útstel fan de namme "Karri- derspaad" yn Warten oerlis hân hat met pleatslik belang, dat oerlis die bliken dat oan de ein fan it stik dat de namme "Karriderspaad" krije sil noch in stikje strjitte leit dat de namme "De Bleek" hat. Dy namme soe einst ek feroare wurde moatte yn "Karriderspaad". Sprekker wol derom mei op utstel fan pleatslik belang, freegje om dit part fan it "tftel oan te hâlden sadat der mei de omwenjenden (oan it stikje De Bleek soe ek noch in hûs fernûmere wurde moatte troch de nammeferoaring) noch oerlis hâlden wurde kin oer dizze wizigingen. Ek woe men nochris oan de Geakunde kommisje hjiroer adfys freegje. De hear Damsma seit dat de namme Karriderspaad wol mei twa a's skreaun wurde moat en de namme Sichpole met ien 1. De hear De Wolf fynt it spitich dat alle moaie nammen oerset wurde moatte yn de nijste analfabetestavering it Frollâns.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 121