-19-
Wethâlder Van Gorkum seit dat it kolleezje ek bliid is dat dit
probleem oplost wurden is. De jildlike kant fan dizze saak is
noch net alhiel rûn en dat bedimmet de opteinens fan it kolleezje
wat. Mei dit beslút wurdt in âlde winsk fan it eardere Utingeradiel
en fan Aldeboarn ynfolle. Dizze saak hat al tige lang spile
en eins is sprekker net earder gerêst dan wannear't de slopers
oan de gong geane.
Yn it konsept-útstel dat yn de ôfdieling bepraat is, stie dat
it kolleezje dizze saak yn ien kear oanpakke woe mits de kommisje
dêrmei ynstimme koe, en de jildsaken ynoarder wiene en de oannimmer
dy't it gymnastyklokaal al oannommen hie, der mei akkoart gean
koe. De kommisje en de jildsaken is it kolleezje hast wol seker
fan dat dat goed komt en it is foar 991/£% wis dat der ek wol
in oerienkomst mei de oannimmer sletten wurde sil. Lykwols sil
de ried hjieroer ynformearre wurde as it rûn is.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel
besloten.
34. Voorstel inzake aanwijzing archiefbewaarplaats van degemeente
Boarnsterhim
Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform
het voorstel besloten.
35. Voorstel tot het uitwerken van plannen in het kader van recreatie
basisplan Midden—Friesland.
De hear Bouma seit dat de léste tiid wol gauris stikken oer
de rekreaasje oan de oarder binne. Syn fraksje is it iens mei
de fiif plannen dy't it kolleezje der út hellet om foar sybsydzje-
oanfragen yn te tsjinjen. Dat hâldt net yn dat alles wat op
de ferfolglist stiet dan foarearst lizzen bliuwekin.
Hy wol noch wol opmerke oer dit stik dat it oer in betreklik
maklike matearje giet, mar it wurdt tige yngewikkeld en sOnder
konklúzje op papier set, wylst de foarige kear in tige yngewikkelde
matearje oan de oarder wie dy't maklik lêsber op papier stie.
Sprekker fynt dat de stikken ek foar leken wol te lézen bliuwe
moatte en dat benammen der dúdlike konklúzjes yn stean moatte.
Ek de taheakke gearfetting makket it der net dúdliker op.
De hear De Wolf seit dat hy him oanslute kin by wat de hear
Bouma sein hat. Hy hat lykwols noch wol in pear opmerkings.
Fan de fiif neamde plannen is der nei alle gedachten mar ien dy't ek
yn it basisrekreaasjeplan foarkomfcw en dat binne de toeristyske aadlis-
plakken by Aegehoek. Oertteminwaarfoarsjennings yn Grou en Akkrum is
hy net wis, mar de oare tri je plannen komme perfoarst net yn
it basisrekreaasjeplan foar. Dy plannen binne wol wichtich foar
de toeristyske ynfrastruktuer dy't befoardere wurke moat. Benammen
it ynstânhâlden en útwreidzjen fan de wettertoeristyske ynfrastruk
tuer yn it bûtengebiet hat in protte omtinken en sprekker hie
dan ek leaver sjoen dat in plan lyk as neamd Onder punt 33b.
dat ekstra farmooglikheden oplevert, opnommen wie in dizze rige.
It hat bliken dien dat it net mooglik wie om alle plannen oan
te pakken en deun moat der in kar makke wurde.