-20-
Hy kin him lykwols yntinke dat der troch de subsidiearjende
ynstânsje sein wurdt dat allinnich dy plannen subsydzje krijge
dyt ek yn it plan neamd binne en dat soe yn dit gefal mar foar
ien plan jilde. It liket him dêrom goed dat de ried útsprekt
dat as der mooglikheden binne der mear plannen út it basisrekreaas-
jeplan foar subsydzje yntsjinne wurde.
Fierder is hy it wol iens mei it útstel.
De hear Damsma freget him óf oft it ek mooglik is de ferfanging
fan de brêge oer de Jirnsumer Syl yn it ramt fan dit plan mei
te nimmen.
Wethâlder Van Gorkum seit dat yn it basisrekreaasjeplan in hiele
protte rapporten oanhelle binne. Fierder is der besjoen wêr't
de prioriteiten lizze en op grûn dêrfan binne der plannen oanjûn
dy't it earst oanpakt wurde moatte soene. Dêr binne dan ek plannen
by dy't net yn it basisrekreaasjeplan neamd binne mar dy't neffens
it kolleezje wol by de rekreaasje hearre en ek in hege prioriteit
hei ww©
Fierder is it doel fan de neamde plannen dat de earste beide
ek dit jier noch útfierd wurde, foar nûmer trije en fjouwer
wurde de plannen klear makke en as it kin miskien ek noch dit
jier mei de útfiering begûn en nûmer fiif wurdt mooglik ek taret.
De suggestje fan de hear Damsma om dy brêge mei te nimmen wol
sprekker wol oernimme, om't de plannen foar de Jirnsumer Syl
dochs al taret wurde en it kostet fierder gjin ekstra ynspanning.
It jout allinnich beliedsmjittich oan dat de gemeente fan doel
is de rekreative foarsjennings op in sa heech mooglik peil te
bringen.
De hear De Wolf wol noch mear plannen yn ien kear oanpakke,
mar dat is neffens sprekker net mooglik. It liket him goed ta
dat der Ófpraat wurdt dat dizze list alle jierren op'e nij oan
de oarder steld wurdt en dat der dan hyltyld in kar dien wurdt
hokker plannen earst oanpakt wurde moatte. De plannen dy't oanpakt
wurde, moatte foar de subsydzje-oanfraach wol goed opset weze
mei in begrutting en goede tekeningen en dat freget dochs wol
de nedige tiid.
De hear Damsma seit dat hy bliid is dat de wethâlder syn suggestje
oernimt.
Hy is lykwols noch wizer mei dizze oanset ta in belled oangeand
de wetterrekreaasje.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel
besloten.
36. Voorstel tot vaststelling van de tarieven 1985 voor het openlucht
zwembad De Twine te Grouw
De hear Bouma seit dat hy ferline jier by dit ûtstel wiist hat
op de útdrukkings fan folsleine en net-folsleme famyljes, dy
brükt waarden. Der is doe tasein dat dat oanpast wurde soe en
hy wol dat nochris by de wethâlder yn it omtinken werom helje
sadat it it oare jier wol ferwurke is yn it útstel.