-10- It besit fan de l.û.-akte Frysk liedt ta mear en kwalitatyf better Frysk. Boppedat - en no kom ik aanst op ús eigen ferantwurdlikens - mei dy saneamde ferplichting kinne wy alle kanten út. De oere Frysk yn'e wike kin him beheine ta in kertierke sjongen yn it Frysk. Dan is oan de wetlike ferplichting foldien. Dat is op guon plakken de praktyk. Jim sille it mei ús iens wêze moatte dat it Frysk sa gjin stap fierder komt en dat it Frysk yn ús gemeente alteast sa goed mooglik jün wurde moat. By de behanneling fan it provinsjale rapport "Frysk yn it offisjele ferkear" ha jim sein dat jim it ta útgongspunt makke hawwe om it Frysk te stimulearjen. Wolno, dan moat soks no, op dit stuit bliken dwaan. Wy moatte ek op dit mêd betüfte lju foar de klasse hawwe, dy't ree binne om de Fryske taal en kultuer oer te bringen op de nije generaasje. Mei minder kin it net ta. Dêrfandinne fine wy it ek fan it grutste belang dat alle skoallen yn ús gemeente meidogge oan it skoalle-eksamen Frysk. Op dy wize is der in toetsingskritearium as garânsje foar de kwaliteit fan it fak. De akte Frysk is ek in toetsings kritearium. No foar de kwaliteit fan de ünderwiiskrêften oer. Dat dy akte beleanne wurdt hâldt yn dat it gemeentebestjoer him posityf ynset foar it Frysk en dat dy hâlding ek tsjin de learkrêften oer dúdlik makke wurdt. De pear sinten dy't it hanthavenjen fan de beleanning kostje sil, mei gjin namme hawwe, want allinne de nij oanstelde learkrêften falie yn dat útstel bûten de boat fan de beleanning en wy nimme oan dat der yn de earstkommende jierren net safolle learkrêften oansteld wurde sille. Wy soene dêrom graach wolle dat de oare partijen mei ús dat útstel fersmite. Soe dat útstel al oannommen wurde, dan kin dat nei ús gefoel mar op ien wize ntl. mei de tasizzing fan it kolleezje dat by sollisitaasjes tenei de akte Frysk in funksje-eask wurdt. Soe soks net barre, dan wurdt in 'lit-mar -waaie'polityk folge. Earjuster hat it Haachske part fan de kommisje Fryske Taal ús de poat dwers set om ta in goed en ferantwurd taalbelied te kommen, sa't wy mei ús allen yn Fryslân wolle. It beleanjen fan de akte Frysk hawwe wy lykwols seis yn hannen. Dêrom moatte wy goed wurk leverje. Earjuster hat op'e nij bliken dien, dat wy Friezen foar ússels opkomme moatte en foar ús taal. Wy kinne en meie it net oan Den Haach oerlitte. Mei it útstel sa't dat foar ús leit jouwe wy harren de wapens yn hannen aanst ús taal en dêrmei ús folk de nekke om te draaien. Doe't Waling Dykstra yn it ramt fan de winterjûnenocht eartiids yn Boarn optrede soe, moast er fan 'e Sweach ôf rinnende nei Boarn ta, dwers troch de lannen, in wei derhinne wie der net en dan yn it roettsjuster en yn striemin waar. Mei Tsjebbe Gearts van der Meulen sprong er oer de sleatten om yn Boarn te kommen. De jûns om 10 oere wiene se te plak. It Boarnster selskip siet noch foar in part op harren te wachtsjen. De oaren, dy't al fuortgien wiene, waarden wer fan hûs helle en kamen werom. Oant nei middernacht hat it folk út Boarn nei de twa mannen harke. Dat byld kaam by my op, doe't ik juster dit allegear oertocht. Wat in ynset, wat in leafde foar de Fryske saak. Gjin wûnder dat Waling Dykstra yn syn liet 'De Fryske Tael' seit: "Ik sil stride sa lang ik stride kin Foar Fryslâns tael en Frije Fryske sin Fryslâns tael hâld ik yn eare Fryslâns tael sa fol fan krêft en prael." Mei dy ynset en mei dat doel fan harren foar eagen soene wy as ried fan Boarnster- him ús besluten foar it Frysk oer nimme moatte." De hear Terra freget wat it kolleezje fan doel is te dwaan oan it jaan fan Fryks op 'e skoallen of fynt it kolleezje dat net sa wichtich? De hear Bouma seit dat syn fraksje it wol iens is mei it útstel fan it kolleezje. De kwaliteit fan it jaan fan it Frysk kin wol ferbettere wurde, mar neffens him hinget dat net óf fan dizze maatregel. It jaan fan it Frysk sil better ta syn rjocht komme as de line folge wurdt sa't dy yn it ûnderwiisbeliedsplan oanjûn is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 19