- 11 - Wethâlder Van Gorkum tinkt dat it striden foar de Fryske taal, sa't troch de hear Van der Baan yn it liet fan Waling Dykstra oanhelle is, net folstean kin mei in pear sinten as beleanning f oar in akte Frysk. Sa'n papierke jout noch gjin garânsje foar goed Frysk ûnderwiis. Neffens him moat soks troch de skoallieding meiinoar ynbrocht wurde. De skoallen moatte seis útmeitsje yn hoefier der wat oan it Frysk dien wurdt. It beliedsútgongspunt is troch de ried yn it ûnderwiisbeliedsplan oanjün. By fakatueres sil der fan de skoalle in profylskets komme moatte en as dêryn it Frysk heech oanjün wurdt, sil dat ek in wichtige funksje-eask wurde. Sprekker fynt it net terjochte dat de ried allinne ütmakket wat de easken wêze moatte; dat moat yn oerlis mei de skoallen barre. It doel fan it kolleezje is wol om in aktyf belied te fieren, mar dat moat net ófkocht wurde mei in pear sinten. Mei it oanheljen fan Waling Dykstra hie de hear Van der Baan allinnich mar foar eagen dat de ynset dy't sa'n man foar it Frysk hie, ek troch üs oernommen wurde moatte soe. It liket him fierder ta dat der hurde easken steld wurde moatte en dat kin neffens him op dit mêd allinnich mar troch te freegjen nei in diploma. As it kolleezje dat frij lit dan hinget it der alhiel fan óf hokker minsken tafallich yn in sollisitaasjekommisje sitte en dat liket him net goed ta. De akte Frysk kin neffens him wol in garânsje wêze. Wethâlder Van Gorkum seit dat men mei in akte allinnich noch neat kin. It giet der om dat de oan te stellen ünderwizers ek yn it skoalteam passé moatte en dat kin net hjir efter de riedstafel fêststeld wurde. Neffens him is der yn it ünder- wiisbeliedsplan en de skoalwurkplannen goed fêstlein wat de hâlding oangeande it Frysk wêze moat. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten met dien verstand dat de fractie van de F.N.P. wordt geacht te hebben tegen gestemd. Hierna schorst de voorzitter om 21.10 uur de vergadering voor een pauze. De voorzitter heropent de vergadering om 21.25 uur en stelt aan de orde punt: 9a. Voorstel tot het beschikbaarstellen van een krediet voor het afronden van de beleidsnota ruimtelijke ordening Warga. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 10Voorstel tot het nemen van een tweetal voorbereidingsbesluiten op grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. De hear Nieuwdam freget oangeande de boarlokaasjesoft der wol foldwaande wissichheid is dat mooglike skea fergoede wurdt en dat der ek goed om tocht wurdt dat it miljeu sa min mooglik oantaast wurdt. Hy freget him óf oft der fierder ek sicht is op de ütwreiding fan lokaasjes yn de takomst. De heer De Wolf vraagt zich af of er tegenover de schade die door het zware transport wordt toegebracht, ook schadevergoeding staat. Wethâlder Breeuwsma seit dat der yn it ferline al op foarhân in ferrekkening mei Raarderhim west hat fan 250.000,=. Neffens him wie dat bedrach betelle mei it each op mooglike skea oan de diken, mar hy wyt net krekt hoe't it yn inoar sit. Wethâlder Van Gorkum seit dat der yn de oerienkomst opnommen wurdt dat skea as gefolch fan it swiere transport ferhelle wurdt op dyjinge dy't de skea feroarsaket.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 21