- 15 - Wethâlder Van Gorkum is bliid mei de stipe dy't de ried hjiroan jout. Hy seit dat it kolleezje him ek óffreget hoe't de provinsje it regulearjen fan de druk yn de hân tinkt te hâlden. Wat in aktyf belied fan de gemeente oanbelanget, wurdt der op dit stuit wurke oan in plan foar de wâlen en dat kin dan in soarte fan struktuerskets neamd wurde. Dat de gemeente no hyltyd reageart op provinsjale plannen is ek wier, mar der sille wol eigen gemeentlike plannen makke wurde. Fierder is it foardiel fan sa'n protte provinsjale plannen oer likernôch itselde ûnderwerp dat der altyd oan de hân fan sa'n fjouwer of fiif provinsjale rapporten oantoand wurde kin dat in gemeentlik plan yn it provinsjale belied past. Fierder is der neffens sprekker yn de provinsjale plannen wol in lytse feroaring te fernimmen oangeande de rekreaasje; dêr kriget men mear each foar. En it is ek net sa dat as men foar de natoer is dat men tsjin rekreaasje is en oarsom. De suggestje fan de hear De Wolf om alle wâlen op rekreatyf mêd meibrüke te litten, is neffens sprekker net helber. Allinnich al de jildlike kant soe in protte swierrichheden jaan. Fierder binne der noch stikken wâl dy't foar agra- rysk gebrûk bestimd binne. Dizze suggestje soe wol moai wêze om te realisearjen, mar it is net helber. Dat de provinsje foar dizze plannen jild beskikber stelle moat, is sprekker it wol mei iens, mar dat moat dan op grün fan gemeentlike plannen. De gemeente is seis dwaande plannen op te stellen en op grün dêrfan jild oan de provinsje te freegjen. Sprekker is it mei de hear Terra iens dat it plan dizich is op it mêd fan it stjoeren. Der stiet neffens him wol in dúdlik belied yn, mar om dat hurd te meitsjen is fansels net sa ienfâldich, en dêrtroch wurdt it plan dan ek wat dizich. Derhatgjin oer lis west mei wetterskippen en Marrekrite. Dit ûnderwerp heart neffens sprekker, alhiel ta it foech fan de gemeenten en it liket him ta dat yn it foarste plak de gemeenten harren hjiroer útsprekke moatte. Sprekker is it net mei de hear Bouma iens dat it tal plannen fan de provinsje omkeard evenredich is oan it tal lisplakken yn de Alde Feanen. Dêr is neffens him de ôfrûne tiid goed wurk dien, troch plannenmakkers en útfierders. Ek lit men sa sjen dat de rekreaasje de natoer net altyd hoecht te skeinen, mar dat dat ek wol lyk op gean kin. Oer de feroarings dy't yn de ôfdieling oanjûn binne en troch it kolleezje foar it grutste part oernommen binne, seit sprekker dat punt 1 net oernommen is om't dat oerstallich wie. Dêr wurdt fierder op yn it stik wol op yn gien. Punt 8 paste net yn it útgongspunt fan it kolleezje en koe dêrom net oernommen wurde. De wiziging fan punt 2 like harren in ferbettering fan it alderearste punt 2. De hear Damsma is it yn grutte linen wol iens mei it stik fan it kolleezje en hy wol harren der ek wol in plom foar jaan. Hy mist lykwols it echte beliedfieren. Der komme oeral suggestjes wei, mar ien belied is der net. Dit is gjin belied mar in reaksje op in plan. (Wethâlder Van Gorkum: "En dêr sprekt gjin belied út?") Yn it foarste plak fynt sprekker it in reaksje op in plan fan de provinsje. Dêr sprekt wol in stikje belied út mar net in belied oer it hiele mêd. Hy fynt it no sa'n hap-snap'belied. De heer De Wolf is van mening dat uit dit stuk duidelijk een eigen visie blijkt en daar is hij wel blij mee. Het zou natuurlijk mooi zijn, als de gemeente met een totaalplan zou kunnen komen om dan bij ieder plan van de provincie dat totaal plan als reactie aan te wijzen, maar dat lijkt hem niet haalbaar. Hij is wel wat teleurgesteld dat zijn suggestie over het recreatief medegebruik van de oevers zo wordt afgewezen. Het lijkt hem dat de financiële middelen voor zo'n plan niet door de gemeente alleen betaald hoeven te worden; dat zou door hogere overheden moeten gebeuren. En dat zou waarschijnlijk niet zoveel problemen opleveren als er maar meer zaken gecombineerd zouden worden. De hear Bouma kin it wol iens wêze mei it útstel en de oanfollings sa't dy

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 27