- 16 - der by jün binne. Hy tinkt dat dizze reaksje en alle foargeande reaksjes fan de gemeente op lyksoartige provinsjale plannen as it belied fan de gemeente sjoen wurde moatte en dat hoecht dan net nochris apart op papier set te wurden. Foar de hear Damsma bliuwt it 'hap-snap'. Der is net ien belied mar der wurdt hyltyd yn lytse stikjes wat dien. Wethâlder Van Gorkum seit dat hy it iens is mei de hear Bouma oangeande it belied fan de gemeente. Troch te reagearjen op de plannen fan de provinsje, dy't al in protte jild koste hawwe, wurdt it belied fan de gemeente stâl jün. Hy hat der gjin ferlet fan om dat dan nochris fêst te lizzen yn in nota. It liket him better dat de earste soarch wêze moat it fersterkjen fan it lânskip foar de rekreaasje, mar net op kosten fan de natoer. Op dit stuit lizze der by de pro vinsje oanfragen foar ynfestearrings oant f 1 miljoen. Dy plannen moatte noch wol neier útwurke wurde. Fierder komt it wâlenplan der en ek dêrfoar sille de nedige jildlike middels by de provinsje frege wurde op grûn fan provinsjale en ryksplannen. Oangeande de suggestje fan de hear De Wolf om alle wâlen geskikt te meitsjen foar rekreaasje tinkt sprekker dat dat njonken problemen oer it jild en it ünder- hâld net past yn it gemeentlik belied om samar beslach te lizzen op alle wâlen en te sizzen dat dy foar rekreaasje geskikt makke wurde moatte. Hy is it wol mei de hear De Wolf iens dat der by ütfiering fan wurken oan wetters en wâlen net altyd om tocht wurdt ek ris nei it rekreatyf meibrûken te sjen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel met de aange brachte wijzigingen, besloten. 18Voorstel tot vaststelling van diverse begrotingswijzigingen. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. Hierna sluit de voorzitter om 22.15 uur de vergadering onder dankzegging voor de bijdrage aan de besluitvorming. Aldus vastgesteld in de openbare vergadering van 19 februari 1985, De secretaris, De voorzitter, (P.H. Starreveld). (B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 28