W 17a. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar in Hinderwet Utfierings Program (HUP). GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 14 febrewaris 1985. Yn it rünskriuwen fan de steatssiktaris fan "Vomil" nu. 34132 D.G. M.H./13 fan 29 oktober 1981 waard foar it ferbetterjen fan de út- fiering fan'e Hinderwet pleite foar in mear programmatyske oanpak. Foar inkelde proefgebieten waard seis in fuortsterkingsbydrage tasein fan 80% fan de projekten. Doedestiids hat de "Regio Friesland-Noord" der gebrûk fan makke en sa'n Hinderwet Utfierings Program üntwikkele. De eardere gemeente Idaarderadiel oansluten by de Regio Friesland-Noord- hat der oan mei dien. Oant en mei de sechstiger jierren fan dizze ieu is de Hinderwet altiten wat styfbernlik behannele. Soks docht allinne al bliken út it grutte oantal bedriuwen dat gjin fergunning hat. In HUP kin der oan meiwurkje dat dy efterstân ynrûn wurdt. Yn sa'n HUP stiet hoe yn'e takomst de Hinderwet útfierd wurde moatte soe. Derby komme oan'e oarder: - it behanneljen fan oanfragen; - it útfieren fan kontrôles; - it behanneljen fan klachten; - de konsekwinsjes dy't soks hat op it mêd fan personiel en organisaa- Doet wy fernamen dat foar in útwreiding fan it HUP ta de hiele gemeente Boarnsterhim ek in fuortsterkingsbydrage te krijen wie, hawwe wy yn ús gearkomste fan 20 maart 1984 besluten dy oan te freeg— jen, te'n earsten by de "Regio Friesland-Noord", letter -doe't Boarnsterhim nei de "Schoterwerven" gong- selsstannich. De Grontmij hat ús oer de opset en útfiering fan in gemeentlik HUP in offerte útbrocht. It totaal komt op in bedrach fan 99.800, Derby is der fan út gien dat der kompjûter-apparatuer oantúgd wurdt. De offerte leit foar jimme by de stikken op besjen. Mei it brief fan desimber 1984 hat it Ministearje fan F.R.O.M. hjirop in bydrage tasein dy gelyk is oan 80% fan 99.800,is 79800 It brief fan de Minister leit foar jimme by de riedstikken op besjen. De oerbliuwende 20% hoecht net yn jild op tafel te kommen; dat mei ek yn minske-oeren opbrocht wurde. Der fan útgeande dat soks gjin problemen jaan sil, kin dat projekt sadwaande útfierd wurde sûnder dat de ponge iepen hoecht. sje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 63