32. utstel ta it oanskaffen fan in hantwurkkast foar de Juf Boerema- skoalle te Akkrum. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried Grou, 8 febrewaris 1985. Fan it haad fan de Juf Boeremaskoalle te Akkrum hawwe wy yndertiid in winskelist krigen, oangeande saken dy't gearhingje mei de yn- rjochting fan it skoallegebou. In tal saken hjirfan binne al reali- searre. Der is in kokentsje makke en der binne in tal planken oanbrocht op'e "kultuersouder" om de ferskate kisten mei materialen op te bergjen. Dit leste is dien troch minsken fan it wurkgelegenheidsprojekt. Sa't út de stikken, dy't by dit foarstel hearre, bliken docht, binne der noch in tal winsken. Wy binne lykwols fan betinken, dat der mei de útfiering hjirfan wachte wurde moat oan't der mear dúdlik- heid bestiet oer de definitive húsfesting fan it basisûnderwiis nei 1 augustus 1985. Wat de hantwurkkast oanbelanget, wolle wy hjir in útsûndering meitsje. In hantwurkkast foldocht oan de normale easken te stellen oan it jaan fan leger ünderwiis, sadat der gjin inkelde behindering is om hjirfoar in ekstra kredyt beskikber te stellen. De kosten fan de oanskaffing wurde rust op 700,eksklusief b.t.w. Wy stellen jimme ried út: 1. de winsken neamd Onder punt b oant en mei punt e op de winske list earst noch net út te fieren; 2. in bedrach fan 700,(eksklusief b.t.w.) beskikber te stellen foar it oanskaffen fan in hantwurkkast foar de Juf Boeremaskoalle te Akkrum. Boargemaster en wethâlder fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 94