-12- De heer De Wolf zegt dat dit voorstel zo uitvoerig is behandeld in afdelingsvergaderingen dat hij geen behoefte heeft er nog iets over te zeggen. De hear Damsma is bliid dat dit it resultaat is fan de petearen yn de ôfdieling, en dat jildt dan benammen foar de lytse doarpen. Wat him yn it útstel fernuvert is de siswize dat dit program net in definityf karakter hat. Hy kin him dat oangeande de sifers wol yntinke, mar hy hopet dat de tendins wol fêst leit. Fierder is der yn in eardere gearkomste sein dat der gjin problemen mear binne oangeande de boulokaasjes, mar as sprekker dan heart wat de hear Nieuwdam nei foaren bringt wurdt hy dêr wol wat kjel fan en freget hy him óf oft der yndied gjin problemen mear binne. Wethâlder Breeuwsma seit dat bliken dien hat dat der yn Wergea better 5 as 4 huzen op dy lokaasje boud wurde kinne. It doel is om troch yn Akkrum wat te skowen, oan Wergea dochs noch 5 wenten ta te wizen. Yn Raard jout de oankeap fan de grûn op dit stuit wat swierrichhe- den. Dat komt troch de superheffing. Der wiene ntl. al prinsipe- ôf spraken makke, mar troch de superheffing is it allegearwer feroare. Sprekker sil yn de kommende wike wer in petear hawwe ^mei de fertsjinwurdiger fan de minsken dêr't grûn fan oankocht 'wurde moat. Der wurdt alles oan dien om yn 1985 dochs noch te bouwen yn Raard, mar mocht dat net slagje - dat wurdt ek fuort oan de ried bekend makke - dan is it wol it doel om uêr yn 1986 te bouwen. Dat doe dan mooglik wêze as der mei Boarn ruile wurde soe. Yn Boarn sil yn 1986 boud wurde en net yn 1985. Lykwols is dat in needoplossing dy't allinnich oangrepen wurdt as it perfoarst net oars kin. Yn Jirnsum leit yndied wat fersmoarge grûn op de boulokaasje. Mei de provinsje is de óf spraak makke dat sadree men dêr oan it bouwen ta is, Onder tafersjoch fan de provinsje earst de fersmoarge grûn ófgroeven wurde sil. Dat is mooglik om't de mate fan fersmoarging net tige grut is. Fierder hatbliken dien dat dat terrein grût genóch is om 8 yn stee fan 6 wenten te bouwen en sprekker seit op foarhân dat besocht wurde sil troch ferskowen yn oare doarpen dat noch mooglik te meitsjen. Lykwols sil dat, as dat trochgean kin, noch wol yn de ófdieling oan de oarder komme. Fierder is de wenningbouferiening ek op de hichte fan de tasizzing dy't oan doarpsbelang fan Warten dien is foar 1986. It doel is ek dat oan dy taszissing fêsthâlden wurdt. Wat de opmerking fan de hear Damsma oanbelanget seit sprekker dat it kolleezje wol fan doel is it plan sa't dat troch de ried oannommen is, út te fieren. Der kinne fansels altyd omstannich- heden wêze dy't dy útfiering yn'e wei stean, mar it útgongspunt is wol útfiere sa't oanjûn is. De hear Nieuwdam betanket de wethâlder foar syn andert. Fierder liket it him ta dat der foar it folgjende jier yn it oerlis mei de wenningbouferiening in dúdlik útbalansearre útstel klear wêze moat, om't der no dochs noch in pear saken binne dy't net meiinoar oerien komme. De hear Damsma is der net alhiel gerêst op dat dat der yn Raard boud wurde sil. Yn 1983 binne der tsien wenten oan dat doarp tasein en oan't no ta is der noch neat fan telâne kommen. Fierder sjocht hy gjin ferbân tusken huzebou en superheffing.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 17