-20- Hy kin him lykwols yntinke dat der troch de subsidiearjende ynstânsje sein wurdt dat allinnich dy plannen subsydzje krijge dy't ek yn it plan neamd binne en dat soe yn dit gefal mar foar ien plan jilde. It liket him dêrom goed dat de ried útsprekt dat as der mooglikheden binne der mear plannen út it basisrekreaas- jeplan foar subsydzje yntsjinne wurde. Fierder is hy it wol iens mei it útstel. De hear Damsma freget him óf oft it ek mooglik is de ferfanging fan de brêge oer de Jirnsumer Syl yn it ramt fan dit plan mei te nimmen. Wethâlder Van Gorkum seit dat yn it basisrekreaasjeplan in hiele protte rapporten oanhelle binne. Fierder is der besjoen wêr't de prioriteiten lizze en op grün dêrfan binne der plannen oanjûn dy't it earst oanpakt wurde moatte soene. Dêr binne dan ek plannen by dy't net yn it basisrekreaasjeplan neamd binne mar dy't neffens it kolleezje wol by de rekreaasje hearre en ek in hege prioriteit hâWW6 Fierder is it doel fan de neamde plannen dat de earste beide ek dit jier noch útfierd wurde, foar nûmer trije en fjouwer wurde de plannen klear makke en as it kin miskien ek noch dit jier mei de útfiering begûn en nûmer fiif wvirdt mooglik ek taret. De suggestje fan de hear Damsma om dy brêge mei te nimmen wol sprekker wol oernimme, om't de plannen foar de Jirnsumer Syl dochs al taret wurde en it kostet fierder gjin ekstra ynspanning. It jout allinnich beliedsmjittich oan dat de gemeente f3n doel is de rekreative foarsjennings op in sa heech mooglik peil te bringen. De hear De Wolf wol noch mear plannen yn ien kear oanpakke, mar dat is neffens sprekker net mooglik. It liket him goed ta dat der ôfpraat wurdt dat dizze list alle jierren op'e nij oan de oarder steld wurdt en dat der dan hyltyld in kar dien wurdt hokker plannen earst oanpakt wurde moatte. De plannen dy't oanpakt wurde, moatte foar de subsydzje-oanfraach wol goed opset weze mei in begrutting en goede tekeningen en dat freget dochs wol de nedige tiid. De hear Damsma seit dat hy bliid is dat de wethâlder syn suggestje oernimt. Hy is lykwols noch wizer mei dizze oanset ta in belied oangeande de wetterrekreaasje. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Voorstel tot vaststelling van de tarieven 1985 voor het openlucht zwembad De Twine te Grouw. De hear Bouma seit dat hy ferline jier by dit útstel wiist hat op de útdrukkings fan folsleine en net-folsleine famyljes, dy brükt waarden. Der is doe tasein dat dat oanpast wurde soe en hy wol dat nochris by de wethâlder yn it omtinken werom hel je sadat it it oare jier wol ferwurke is yn it útstel.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 25