-3- De hear Van der Baan rint sa'n réaksje oer it Frysk as lij wetter yn'e earen. De voorzitter geeft toe dat de afdoening van de solli- citatie van mevrouw Schutte niet op een korrekte wijze heeft plaatsgevonden. Het college hoopt dat in de toe komst te voorkomen. Alleen personeelsadvertenties zullen, zoals afgesproken, in het fries gesteld worden. Hij vraagt excuses voor de gemaakte fout. Punt 7: De heer De Wolf wil graag vernemen hoe het college denkt over de manier waarop de provincie heeft gereageerd op de voorstellen uit onze gemeente. De hear Bouma fvnt it andert van it provinsjaal bestjoer tige frustrearjend. De gemeente is in woarst foarhâlden dêr't allinnich mar efkes oan sobbe wurde mocht. Der is in protte tiid yn it TROP stutsen en it resultaat is der net neffens. Boarnsterhim kaam en komt noch net yn it plan foar. De grutte line is dat de besteande akkommodaasjej mar sjen moatte oft hja de holle boppe wetter hâlde kinne en grutskalige nije ûntjouwingen is gjin kans ta. Hy fynt dit in benearjende konklúzje. De hear Terra seit dat útkommen is wat hy altyd al tocht hie. It wurdt in moai boekwurk dat yn'e kast setten wurdt neist alle oare plannen dy't dêr al steane. It is in plan dêr't net mear mei te wurkjen is, mei oare wurden in unsaaklik plan. Wethâlder Van Gorkum seit dat it kolleezje yndied tocht in goede reaksje te hawwen op it plan. It is spitich fêststelle te moatten dat Deputearre Steaten der oars oer tinke. Lykwols is der in lyts sukseske behelle want it útstel om in gearhing en prioriteitenfoarming oan te bringen tusken de ferskate plannen is oernommen. Alle oare foarstellen, sa as it idee om spearpunten oan te bringen, binne ôfwiisd. Deputearre Steaten hawwe sein dat plannen dy't net yn it TROP foarkomme dochs wol oanspraak dwaan kinne op subsydzje. Foar it meitsjen fan plannen komt gjin drip subsydzje los. Sa wurdt der al 3 4 jier praat oer it strân bij Terherne. Doe't foarige wike in ISP-subsydzje los kaam wie it kolleezje optein. Mar dy blidens wie gau oer doe't bliken die dat de útfiering noch wol 9 moanne op him wachtsje litte soe. Nettsjin staande de teloarstelling sil it kolleezje alle mooglik- heden oanpakke om de rekreaasje yn Boarnsterhim te stypjen. De hear De Wolf hie gjin oar andert fan'e wethâlder fer- wachte. Hy tinkt dat de nijsgjirrichste sin ut it TROP dy is dêr't stiet dat yn 1987 in wurkleazens fan 30 persint ferwachte wurdt. Men soe tinke dat it amtlik apparaat fan betinken isdat dat in beliedsdoelstelling is. Punt 11Mevrouw Aukes zegt dat deze brief bevestigt dat het doel, aandacht in de pers, is bereikt. Haar fraktie heeft zich

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 29