-9- kearsdrippen en ek it feiliger en brûkber meitsjen fan de tunnel foar fytsers en bromfytsers. Oer fjirtjin dagen is der in petear mei Deputearre Steaten oer dizze problematyk dêr't yn frege wurde sil om stipe foar de aksje nei NS ta en om dochs troch te gean de ferkearsljochten dêr te krijen. Yngeande op de fragen sil in goede oplossing yndied noch wol op syn minst twa jier duorje moatte. It kolleezje wol alle war dwaan mei de rie om dochs te besykjen ta in útdragene saak te kommen. Sprekker slacht foar troch in brief de Twadde Keamer- kommisje foar Ferkearssaken yn te ljochtsjen oer de problemen en dêrby te wizen op de grutte finansjele kleem en op de lange oroseduere sa't dy oanjûn is troch de NS. Dan wit men yn Den Haach ek dat NS en dermei it Ryk net op in pear ûnfallen mear sjocht as it giet om in feilige krusing en dat allinnich op prosedurele grûn. Ek lanlik besjoen krijt NS net de mooglik- heden om sokke gefaarlike sitewaasjes mei faasje oan te pakken. Oan it brief moat tagelyk taheakke wurde dat der jildmiddels frij makke wurde moatte. It hat sprekker bliken dien dat foar sok- soarte foarsjennings in FM-post yn'e begrutting stiet. Der moat op oantrúne wurde dy PM-post hurd te meitsjen. De hear Bouma fyt it yndied yntryst dat oan sa'n gefaarlike sitewaasje neat dien wurde kin. It docht him deugd dat ek de wurkgr^ec needmaatregels hawwe wol. Hy hopet dat it cerlis mei de provinr;s en yn'e wurkgroep wat opsmite sil. Rjochtoerein bliuwt dat der in strukturele oplossing komme moat middels in fjouwer- baansdyk en in ûngelykflierske krusing. Ek op it mêd tan de ynfra- struktuer wurdt it heech tiid dat it "karrespoar" ferfongen wurdt. Yn it brief nei de Keamerkommisje moat ek dy line düdlik makke wurde. De heer De Wolf vindt dat de heer Bouma de situatie keurig heeft weergegeven. Hij heeft nog één zorg, namelijk dat, als er een tijdelijke oplossing is gevonden dat als argument gebruikt gaat worden om de echte oplossing op de lange baan te schuiven. Dit moet zeker wel in de afweging worden meegenomen voor welke oplos sing, ongelijkvloerse kruising of stoplichten, de gemeente uiteinde lijk kiest. Hij herinnert nog even aan een notitie, die hij het college heeft doen toekomen, waarin opgenomen een goedkope nood oplossing, nl. stopborden met een lampje, die er al lang hadden kunnen staan. Ter onderstreping overhandigt hij een model aan de voorzitter. Wethâlder Van Gorkum stelt fêst dat de foarige sprekkers wol op itselde "karre"spoar sitte as it kolleezje. Yn it skriuwen nei de Twadde Keamerkommisje sil derop wiisd wurde dat in folsleine oplossing foarkar hat. In ienfâldige oplossing is net altiten samar te finen om't by eintsjebesliit ferkearsfeiligens ek in fak is. Ek oan de neamde needmaatregels sitte negative kanten. De voorzitter schorst hierna om 21.10 uur de vergadering voor een korte pauze. Om 21.25 uur heropent de voorzitter de vergadering en stelt aan de orde agendapunt:

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 35