-17- 19. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een extra krediet ten behoeve van de openbare lagere school "De Finne" te Wartena voor de aanschaf van een stencil-inbrandapparaat Alsvoren. 20Voorstel tot het toepassen van de overgangsmaatregel subsidi ering godsdienstonderwijs voor scholen gelegen in de voormalige gemeente Rauwerderhem. De hear Van der Baan seit nochris it stânpunt fan syn fraksje oer. Hy wol net de hiele diskusje op'e nij fiere, mar is fan betinken dat it godstsjinstûnderwiis troch faklearkrêften brocht wurde moat. Fânder dat syn fraksje alle kosten fergoedzje wol. Hy is fan be tinken dat de gemeente in taak hat yn it tefoarenkommen fan geastlike earmoede dy't in gefolch is fan in krisis fan kuiturele aard om't de mienskip gjin andert hat op fragen oangeande dessin en it doel fan dit libben. As wol de tsjerketuorren oerein hâlden wurde, dan ek it boadskip fan dy tsjerken. Hy slacht foar in subsydzje fan 600,= jierliks te jaan. Wethâlder Van Gorkum giet it te fier om te sizzen dat it in gemeent- like ferantwurdlikheid is om it boadskip fan'e tsjerken troch te jaan. Hy wiist der op dat it krekt Raarderhim wie dêr't in unbillike regeling wie, om't dêr mar foar ien skoalle in faklearkreft betelle waard. No't der foar alle skoallen itselde regele wurdt en sa in stimulâns jûn wurdt oan it godstsjinstûnderwiis, is^hy fan be tinken dat de hear Van der Baan net sa krinterich wêze moat. De hear Van der Baan bliuwt by syn útstel om sa op trochgeande wize it fak godstsjinstûnderwiis syn plak op'e skoallen hâlde te litten. Mefrou A. Zijlstra wiist derop dat bysundere skoallen gjin oan- spraak op in fergoeding dwaan kinne. Wëthâlder Van Gorkum seit dat de hear Van der Baan blykber net foar in linige oergongsregeling is. De voorzitter zegt dat het voorstel in de zin zoals door mevrouw Zijlstra opgemerkt, zal worden aangepast. Hierna wordt zonder hoofdelijke stemming conform het gewijzigde voorstel besloten. 21. Voorstel tot het plaatsen van een kunstwerk in plan "De Baai" te Grouw. Mefrou Watzema is fan betinken dat it ûntwerp prachtich is. Alhoewolt de kosten aardich heech binne, kin har fraksje dy dochs wol oanfurdigje om't der mar sa'n bytsje keunstwurken yn ús gemeente steane. Yn'e takomst soe hja noch wol graach in pear echte bankjes om it byld hinne hawwe wolle, sadat men der ek sittendewei fan genietsje kin. De hear Van den Berg kin him wol oanslute by de wurden fan mefrou Watzema. Hy hopet dat it byld net as klimrek brûkt

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 43