- 6 - De hear Van der Baan freget him noch of hoe't it no krekt sit mei dat brief fan 6 febrewaris 1984. As it projekt yndied no krekt oanmeld is dan soe it fierstento let wêze om noch meinommen wurde te kinnen foar it tiidrak fan it mearjierrenprogram fan de provinsje oant 1986. De hear Damsma seit op de fraach fan de hear Bethlehem dat it net in tasizzing fan deputearre Steenmeijer wie mar in adfys hoe' dizze saak oanpakt wurde kinne soe. Tasizzing wie in fersin. Wethâlder Van Gorkum seit dat Raarderhim dit projekt yndertiid oanmeld hat. Boarnsterhim hat it ek nochris oanmeld en nei oanlieding dêrfan binne der petearen west mei ferskate deputearren. Yn ien fan dy petearen is frege om neiere gegevens en der hat dat brief fan 6 febrewaris 1984 neat mei te krijen. De hear Bethlehem merkt noch op dat deputearre Steenmeijer tsjin him sein hat dat de hearen Breeuwsma en Van Gorkum harren it fjoer út de skuon runen foar de rûnwei. Dan wol de hear Damsma it kolleezje wol in komplimint jaan. Punt 7De hear Van der Baan stelt út om de geakundekommis je te f reeg jen om nei te gean hokker Fryske nammen de topografyske tsjinst wol en hokker net oernimt op de kaarten. Fierder steane net altyd de nammen yn geef Frysk op de nammebuordsjesIt liket him ferstandich dat dat ek neigien wurdt om't de minsken de nammen oars ferkeard oernimme. De hear Bethlehem fynt dat men foarsichtich wêze moat mei dy topografyske kaarten om't de Russen ek Frysk kinne. Neffens de hear De Wolf binne der trije tsjinsten dy't Onderling ofspraken makke hawwe oer de manear wêrop nammen op kaarten opnommen wurde. De topografyske tsjinst nimt de nammen op sa't dy yn it lânskip sichtber binne, b.g. strjitnammen op pealtsjes. Nammen dy't net sichtber binne wurde fernederlânske Hy fynt it net goed dat amtners yn Den Haach útmeitsje hoe't in namme op in kaart komt. De ried makket ommers út wat de namme wêze moat. Dat moat via de politike kanalen dúdlik makke wurde. Slagget dat net dan moat der ek foar sleatten, polders en oare plakken dêr't no gjin buordsjes fan binne, nammebuordsjes komme. De hear Van den Berg is it wol mei de hear De Wolf iens. It idee om troch buordsjes yn it fjild de topografyske tsjinst te twingen de goede nammen oer te nimmen, sprekt him wol oan. De voorzitter zegt op de vraag van de heer Van der Baan dat er wel kan worden uitgezocht welke namen goed en welke fout op de kaart staan, maar dat zal dan wel wat meer tijd kosten, omdat dit niet direct de hoogste prioriteit heeft. Er is al eens een brief gestuurd over de kwestie van het verkeerd overnemen van namen en volgens spreker heeft men in Den Haag deze draai (het overnemen van namen die in het landschap zichtbaar zijn) er aan gegeven om toch maar gelijk te hebben. Het lijkt hem wel een aardig idee om door middel van bordjes in het land schap de proef op de som te nemen. Ook denkt hij dat er niet veel andere manieren zijn om hier druk op uit te oefenen. De enige weg zal wel via de politieke partijen zijn om duidelijk te maken dat een gemeenteraad de enige bevoegde instantie is om namen te geven.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 10