- 13 - Readhuzum yn it handikaptenbelied in foarbyldfunksje hawwe sil. Ek binne der yn it stik oer Wergea gjin feroarings oanbrocht yn de lokaasjes fan bedriuwen dy't ferkeard oanjûn stiene. Fierder is der oer it handikaptenbelied mar ien rigel opnommen en syn fraksje hie dat wol wat wiidweidiger hawwe wold. It beheint him net allinnich ta de berikberheid dy't hjir neamd wurdt. Der moat ek omtinken jûn wurde oan de praktyske tagonklikens (bgl. iepenbiere gebouwen) en de brûkberens fan de gebouwen. Oan dy beide dingen wurdt gjin omtinken jûn. Sprekker komt dêrom mei it útstel om in wurkgroep yn te stellen dy't dy trije dingen (tagonklikens, brûkberens en berikberens) Qndersiket. Yn sa'n groep soene handikapten, in bejierde, in adfiseur fan de technyske tsjinst, in meiwurker fan de siktary en in lid fan it kolleezje in sit hawwe moatte. Fan de handikapten soene dat in blinen ien, in stôkrinner en immen mei in rolstoel wêze moatte. It liket sprekker goed dat der no útein set wurdt mei sa'n groep sadat der oer in healjier resultaten te ferwachtsjen binne. Sprekker freget him of oft der foar Grou noch fêst hâlden wurde moat oan de bebouwing fan it terrein fan Stork-Bepak. De grûn der sil wol fersmoarge wêze en it soe dan miskien better wêze om dêr net te bouwen. It skjinmeitsjen fan de grûn soe wolris safolle kostje kinne dat it jild better earne oars brûkt wurde kin. De hear Nieuwdam fynt dit in goede nota. De nota is yn goed oerlis mei alle belanghawwenden ta stân kaam en dat fynt hy wol in komplimint wurdich. Yn de fjirde êfdieling is al ynhâldlik praten oer de nota en hy hat allinnich noch in pear algemiene opmerkings. Yn de pot foar de doarps- fernijing sit struktureel in bedrach fan 460.000,= út de algemiene middels Sprekker freget hoet dit bedrach al taskikt wurde kin ear't de begrutting klear is. Hawwe alle ferienings fan doarpsbelang yn léste ynstânsje ek noch reagearre op dizze nota? Wat wurdt der dien mei de reaksjes dy't noch binnenkommen binne? It is fijn dat troch dizze nota wurk mei wurk makke wurde kin. De doarpen wurde fernijd en troch dy fernijing kinne minsken oan wurk holpen wurde. Wat betreft it handikaptenbelied seit sprekker dat de hear Van der Baan dêr al wiidweidich op yn gien is, mar it giet hjir om in nota oer doarps- fernijing en dat moat net fergetten wurde. De heer De Wolf sluit zicht aan bij de woorden van de heer Nieuwdam dat dit een goede nota is. Men krijgt een aardig beeld van wat er in de dorpen gebeuren moet. In de afdelingsvergadering is gezegd en spreker zou dat door het college graag bevestigd willen hebben, dat dit een indicatief plan isDe aparte plannen moeten nog in detail uitgewerkt worden en zullen, voor ze uitgevoerd worden, nogmaals in de raad aan de orde gesteld worden. Hij vindt het jammer dat er intussen een tweede versie van de nota is uitgebracht waarin niet is aangegeven waar de veranderingen zitten. Verder zijn er in de afdelingsvergadering nog een aantal wijzigingen voorgesteld en reacties van de verenigingen van dorpsbelang die nog zijn binnengekomen, moeten ook nog verwerkt worden. Als die ook allemaal verwerkt worden zou men uiteindelijk drie exemplaren van de nota hebben. In de nota wordt gesproken over een pad naar de Himpensermar maar dat is er al. Bedoeld wordt een pad rond die mar. Verder kan bij Terhorne ook nog het criterium 'veiligheid' genoemd worden. Bij meerdere projecten (Grouw, Terhorne, baggeren van het Var, riolering) moet ook nog het criterium 'milieu' genoemd worden. De hear Terra seit dat syn fraksje alle wurdearring hat foar it wurk dat oan dizze nota dien is. Fierder hat hjir in wiidweidich petear oer

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 17