GEMEENTE BOARNSTERHIM 2. Ynkommen stikken foar de gearkomste fan 21 maaye 1985 (oanfolling) Oan de gemeenteried Grou, 10 maaye 1985. Punt: Underwerp Utstel 33 Utstel fan de F.N.P. om op grûn fan kêst Sjoch 25 fan it reglemint fan oarder in advysgroep hjir gear te stallen om in handikaptenbelied sadanich Onder út te setten, dat it yntegraal yn it totaalbelied opnommen wurdt. Nei oanlieding fan it ynkomd brief Onder nu 542 mei it inisjatyf útstel fan de fraksje fan de F.N.Pdiele wy jimme mei gjin ferlet te hawwen fan in advysgroep of in kommisje foar it handikaptenbelied. Sa't jimme witte wurkje wy oan in ynventarisaasje fan de problemen op dit mêd yn de underskate doarpen. Per doarp sille wy kontakten lizze mei belang- hawwenden en sille wy sjen hokker tukelteammen der lizze en hoe't se oplost wurde kinne. Om't wy in oanpak per doarp foarsteane hawwe wy gjin ferlet fan in gemeentlike kommisje. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, (P.H. Starreveld) (B.G. Holtrop)

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 30