Nr. 10 Utstel oangeande it fuortsetten fan "De Wurkpleats" yn it ramt fan it Projekt Minsken Sûnder Wurk. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 10 maaie 1985. Lykas jimme wol witte, hat ien fan de aktiviteiten fan it projekt Minsken Sûnder Wurk it opsetten fan in houtprojekt west. Hoet dat allegear gien is, is beskreaun yn it histoarysk oersjoch, dat foar jimme by de riedsstikken op besjen leit. Op dit stuit beskikt it projekt ûnder de namme "De Wurkpleats" oer in eigen romte oan de Oedsmawei 11 a te Grou, dêr't sa'n 20 minsken mei in útkearing geregeldwei komme foar in putsje of in praatsje. De Wurkpleats is folslein ynrjochte. It ark fertsjintwurdiget in wearde fan sa'n 60.000, By de gemeente hat in saneamde wurkmaster yn tsjinst west foar 20 oeren wyks, dy't it projekt laat en begelaat hat. Dit (tydlik) tsjinstferbân rûn 23 april 1.1. ôf. Yn de op 5 febrewaris 1.1. troch jimme ried akseptearre begrutting fan 1985 is rekkene mei it fuortsetten fan it tsjinstferbân foar de rest fan it jier (tydlik tsjinstferbân omsette yn fêst tsjinstferbân)By it fêststel- len fan de begrutting is lykwols dúdlik ôfpraat, dat de ried noch in ôfsûnderlik beslút nimme soe, oer it al as net fuortsetten fan it tsjinstferbân en dit dan oan de hân fan in yngeande diskusje oer de doelstellings fan Projekt Minsken Sûnder Wurk en Wurkpleats. De doelstellingennota fan it Projekt is noch net hielendal klear. Lykwols moat der no wol in beslút komme oer de wurkmaster en dêrby oer it Wurkpleats-projekt. Hjiroer is wiidweidich praat yn de stjoergroep foar it P.M.S.W., yn ús kolleezje en yn in oerlis tusken deistich bestjoer fan de stjoergroep en ús kolleezje. De stjoergroep is dúdlik en ienreidich: fuortsette dat tsjinstferbân, want de Wurkpleats begjint no krekt aardich te draaien en it net ope nij oanstellen fan de wurkmaster soe de ein fan dit projekt betsjutte Us kolleezje hat hjir wat muoite mei (sommige leden wat mear, oaren wat minder). Der hat nammentlik noch gjin diskusje pleats fine kind oer doelstellings en útgongspunten fan1 it Projekt en dat wurdt wol needsaaklik achte ear't der in beslút naam wurde kin oer it fêst yn tsjinst nimmen fan in wurkmaster. Fierders is ús kolleezje fan betinken, dat it tal dielnimmers oan de Wurkpleatssjoen it mienskipsjild wat hjiryn stutsen wurdt, oan de lege kant it. Om tiid te krijen foar de prinsipjele diskusje, sûnder it Projekt op dit stuit de nekke om te draaien, soene wy jimme ek al mei it each op de kommende fakânsjeperiode, útstelle wolle om yngeande 1 septimber o.s. nochris foar in healjier in wurkmaster oan te stellen (dat kin deselde wêze), mei it útdruklik betingst, dat yn dat healjier it Projekt him "bewize" moat en dat foar 1 febrewaris 1986 in dúdlike riedsútspraak oer de takomst (doelstellings,útgongs- punten, taken, prioariteiten) fan it Projekt Minsken Sunder Wurk dien wurdt. In Konsept-beslút leit foar jimme by de riedsstikken op besjen. Boargemaster en wethâlder fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld B.G. Holtrop

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 43