- 2 - Punt 56: De heer De Wolf merkt op dat de Vegin in zijn reactie de gemeente wil laten geloven dat de kosten gebonden zijn aan het aantal aansluitingen en niet aan het aantal m3 dat verbruikt wordt. Dat zou dan ook verklaren waarom in de grote steden een lager tarief voor het gas geldt. Volgens hem klopt dat in het geheel niet omdat in de grote steden met een veel kleiner leidingnet volstaan kan worden, waardoor de kosten lager moeten zijn dan in een gemeente als de onze. Het lijkt hem de moeite waard om eens uit te laten zoeken hoe het werkelijk in elkaar zit en dat punt ook in de discussie over de gasprijs mee te nemen. Dat voor de verbruiker het marktwaardebeginsel zou gelden, lijkt spreker zeer aanvechtbaar omdat het gas een monopolie-artikel is en de prijs door de overheid wordt vastgesteld. Spreker wenst de vertegenwoordiger van deze gemeente in de discussie met het Vegin veel succes. De voorzitter antwoordt dat deze opmerkingen aan de vertegenwoordiger zullen worden doorgegeven. Punt 57De hear Van der Baan freget op grûn fan kêst 24, lid 4 fan it reglemint fan oarder oft dit útstel net fuortendaliks behannele wurde kin. De hear Van den Berg fynt it in goede saak om oer dit Onderwerp sa gau mooglik in stânpunt fan de ried te hawwen, sadat eltsenien wit hoe't de ried hjir tsjinoer stiet. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming besloten dit punt thans in behandeling te nemen en de voorzitter geeft de heer Van der Baan het woord om het voorstel nader toe te lichten. De hear Van der Baan seit dat dit útstel ynhâldt om foar alle minsken dy't fan in minimumynkommen rûn komme moatte de moasje oer de 300 m3 gas fan de P.v.d.A. jilde te litten en net allinnich foar de minsken dy't in A.O.W.-útkearing hawwe. Dêrmei wurdt de brek dy't tusken de A.O.W.-'ers en de oare minsken mei in minimumynkommen Ontstien is wer oersljochte. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje fan betinken is dat troch dit útstel mei de gefoelens fan de minsken mei in minimumynkommen spile wurdt. Der wurdt harren it idee jûn dat de ried dit wol efkes ynstelle kin, wylst dat net kin om't it regear sa'n bydrage via de útkearings wer ynhâlde soe. Om dy reden is de P.v.d.A. yn de febrewaris-gearkomste ek kaam mei in útstel dat allinnich foar minsken mei in A.O.W.-útkearing jilde soe. Dat hie mear kans fan slagjen. Mar om't it de gemeenten gewoan ferbean wurdt troch it regear om wat foar dizze minsken te dwaan fynt sprekker it net goed dat hja op dizze wize bliid makke wurde mei in deade mosk. Sprekker wol noch efkes yn it omtinken werom roppe dat dizze ried ferline jier besletten hat te besykjen de bydragen foar de ûnreplikguodbelesting en de hûssmoargensrjochten ferfalle te litten. Dat it slagge. Yn de gear- komste fan 5 febrewaris 1.1. is dit belied fuortset troch it regeljen fan de folgjende saken: it ynstellen fan in funs foar de minima (einliks it selde as wat de V.V.D. no ústelt). It kolleezje soe dat útsykje en dan by de ried werom komme mei in útstel. Fierder is der oan it kolleezje frege om foar de minima safolle mooglik jild út allerhande regelingen te heljen. Dat hawwe hja tasein. En as tredde punt de stookkostentaslach foar de minsken mei allinnich A.O.W. Der moat noch bliken dwaan hoe't it regear dat oppakt. Sprekker fynt it dêrom spitich dat de F.N.P. no mei dit útstel komt, om't fuort wol dúdlik wie dat dat dochs neat wurde koe. Hy hopet lykwols dat de gemeente mei it ynstelde belied wat dwaan kin foar de minsken mei in minimumynkommen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 6