- 5 - De hear Terra is fan betinken dat it kolleezje dit útstel earst útwurkje moat en dat it earst yn de ôfdieling bepraat wurde moat ear't it foar fêststelling yn'e ried komt. Mevrouw Aukes is van mening dat er op deze manier alleen maar gepraat wordt en dat er nooit iets van de grond komt. De voorzitter zegt dat het voorstel van de V.V.D. zo gelezen moet worden dat de raad nu de uitspraak moet doen om zo'n fonds in te stellen en dat het college opdracht krijgt dat fonds nader in te vullen. De nadere invulling kan dan in de afdeling besproken worden en daarna in de raad aan de orde gesteld worden. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het nader door de voorzitter geformuleerde voorstel besloten. 4. Mededelingen. Punt 2: De hear Terra seit dat syn fraksje bliid is dat de runwei om Jirnsum no einlings as projekt by it provinsjale bestjoer oanmeld is. Hy docht in berop op it provinsjale bestjoer om dy oanfraach te honorearjen. It doarp hat in grut ferlet fan dy dyk om't de situaasje sa't dy der no hinne leit it doarp der net leefberder op makket. De hear Damsma kin him wol oanslute by de wurden fan de hear Terra. Fierder freget hy him óf hoe't it kin dat dit projekt no krekt oanmeld is, wylst it brief dat by de stikken op bes jen lein hat, as datum 6 febre- waris 1984 hat. Raarderhim hat yn it ramt fan dit selde belied ek in brief stjoerd op 19 desimber 1983 en sprekker freget him of oft dêr ek ea in andert op kaam is. Der hat doe wol in petear west mei Q.o. deputearre Steenmeijer dy't ek bepaalde tasizzings dien hat. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje dit in tige goed útstel fynt. Beide oanfragen passé alhiel yn it ramt fan dit belied en it wurdt ek tiid dat der wat oan dien wurdt. De hear De Wolf is it ek wol iens mei dizze oanfragen. De hegere oerheid moat dan no ek oanjaan hoe't hja oer dizze saken tinke. Fierder tinkt hy dat it goed is dat ris op in rychje set wurde wat by tawizing op jildlik mêd de gefolgen binne, sadat der yn de begrutting romte foar makke wurde kin. Ek om't it dochs wol om frij grutte bedragen giet. Wethâlder Van Gorkum stipet de oprop fan de hear Terra oan it provinsjale bestjoer. Hy is it lykwols net iens mei syn útspraak dat de runwei no eiriLiigs projekt oanmelden is. De gemeente Raarderhim hie dit projekt ek al by de provinsje oanmeld. Fierder is der fanút it kolleezje ek al in protte dien om dit projekt run te krijen. Der is troch Deputearre Steaten frege om in neiere motivearring. Oan dy motivearring is it brief fan 6 febrewaris 1984 ek noch mar ristaheakkeom't men tocht dat twa kear oanmelde nea kwea kinne soe Fierder is der neat te sizzen oer de gefolgen: net oer it slagjen fan de oanfraach of de termyn wêrop der wat bekend is of de kosten dyt der út fuort komme kinne. Op dit stuit is alle omtinken rjochte op it útsykjen hoe't in mooglike oanlis betelle wurde kin en it reservearjen fan jild foar ûnderhâld hat op dit stuit net sa'n grutte prioriteit. De hear Bethlehem freget him of hokker tasizzings deputearre Steenmeijer dan yndertiid dien hat. Wêr stuolle dy op en wêrom is dêr dan neat fan te lâne kaam?

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 9