- 12 - De hear Bouma seit dat yn it konsept-útstel ek praten is oer ferfanging fan de motor. Hy is bliid dat dat net trochgien is. Oer de besparringen troch de automatisearring wiene earst ek twifels. Troch de neiere ynfor- maasje is dêr wol mear dúdlikheid oer kaam. Dy ynformaasje komt fan de pont fan Langwar dy't foar in pear jier automatisearre is en de situaasje dêr is hast lyk oan de situaasje by de Burd sadat dy gegevens wol brûkt wurde kinne. Sprekker tinkt dat seis mear besparringen makke wurde as hjir foarrekkene binne. Dêrby moat wol betocht wurde dat it yn it simmer- skoft net op giet, mar dat de besparringen yn it foarjier, neijier en de winter helle wurde moatte. By it automatisearjen fan de beammen hie sprekker yn it begjin de measte betinkingen. Lykwols hâldt dy automatisearring foar de pontwachters in ferbettering fan de wurkomstannichheden yn. Hja hoege dan mar ien kear de trap op en del foar it jild en net mear om de beammen foar de minsken iepen te dwaan. Foar de gebrûker is der it foardiel dat de beammen fuort iepen geane as men der oankomt. Dizze automatisearring kin dutsen wurde út de besparrings fan it automatysk oanlizzen en sprekker is it dêrom iens mei dit útstel. Wethâlder Van Gorkum seit dat de tsjinst gemeentewurken oer dit útstel fansels ek ynformaasje ynwûn hat by saakkundigenDe besparring is fûn yn it minder ferbrük fan dieseloalje en net yn it ûnderhâld fan de motor. Ut de praktykgegevens dy't fan Langwar bekend binne, hat sprekker der alle betrouwen yn dat de rüsde besparrings wol helle wurde sille. Foar de pontwachters hâldt de automatisearring fan de beammen yndied yn dat hja folie minder hoege te rinnen. It liket sprekker ek ta dat foar de gebrûker de pontfeart koarter duorje sil en dêrmei wurdt de kwaliteit fan de oersetting ferbettere. De hear Van der Baan seit dat der twa aspekten spylje ntl. de slitaazje fan de motoren en de slitaazje fan de minsken. Hy kiest leaver foar it earste en hy is der bliid mei dat dizze automatisearring útfierd wurde kin. De hear Terra seit dat hy ek wol om de minsken tinkt, mar hy hat syn twifels oer it kostenplaatsje sa't dat by it útstel leit. Hy tinkt dat it allinnich mar djoerder wurde sil fan de automatisearring. De mooglik- heden moatte earst better ündersocht wurde ear't sprekker hjir yn mei gean kin. De hear Bouma seit dat hy fan hearren en sizzen hat dat de pont by Langwar dy't as foarbyld oanhelle is, ophâlde sil te bestean en miskien is it mooglik om dêr dan wat fan oer te nimmen. Wethâlder Van Gorkum seit dat hy suggestje meinommen wurde sil. Fierder binne de beammen eigendom fan de koöperaasje fan De Burd en dêrmei sil ek noch oer dit útstel praat wurde, as de ried it oannimt. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 10. Utstel oangeande it fuortsetten fan 'De Wurkpleats' yn it ramt fan it Projekt Minsken SGnder Wurk. Mefrou S. Zijlstra seit dat har fraksje it. iens is mei it útstel fan it kolleezje. Hja wol noch wol de suggestje dwaan dat de doelstellingen nota dy't opstelt wurde sil, yn in tiidsrak te pleatsen sadat dy nota der op'e tiid is om der noch goed oer prate te kinnen. It liket har ek goed ta dat de minsken dy't oan it wurkpleatsprojekt mei dogge en mei dien hawwe, ris om de tafel sitten geane om te bepraten wêrom dit projekt net rint sa't men graach hawwe woe.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 16