- 14 - 17. Voorstel tot het vaststellen van de afrekening 1984 van de Stichting Alfabetisering Midden-Friesland. Mefrou Bloem merkt op dat hja it tige spitich fynt dat sa'n projekt der wêze moat, mar oan de oare kant is hja bliid dat dit nei in skrutene start dochs rint. 18. Voorstel tot het vaststellen van de notitie betreffende een gemeente lijk beleid inzake vrede en veiligheid. De heer Nieuwdam vindt dat in deze uitstekende nota terecht de aandacht wordt gevestigd op de verre van ideale situatie in de wereld, onderdruk king, oorlogsdreiging, bewapening, kernbewapening en verdediging van de ruimte. Kort geleden is herdacht dat hier 40 jaar geleden een eind aan de 2e wereldoorlog kwam. Het is de vraag of men van die oorlog iets geleerd heeft. Dat Boarnsterhim maar een speldeknop is op de wereldbol mag geen aanleiding zijn om geen gestalte te geven aan een beleid over vrede en veiligheid. Dat beleid kan ook in deze gemeente geconcretiseerd worden. Enerzijds door de signaalfunctie en anderzijds door duidelijke zaken zoals in de nota aangegeven. Bij de opgesomde actiepunten wordt een beroep op derden gedaan en dat vindt spreker een juiste zaak. Mensen die al jaren bezig zijn om op eigen wijze de zaak van vrede en veiligheid uit te dragen, verdienen het volgens hem, om bij de verder uitwerking te worden inge schakeld. Samenvattend vindt spreker dit een goede en goed leesbare nota, die op korte termijn met alle belanghebbenden moet worden uitgewerkt. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje it alhiel iens is mei dizze notysje. Oangeande it aksjepunt 2b seit hy dat de WIOS yn Grou en de wrâldwinkel fan Jirnsum/Akkrum en Wergea al kontakten hawwe oer in medysk projekt yn Nicaragua. It liket him ferstannich dat der earst nei gien wurdt hoefiert men dêrmei is, ear't der mei in projekt út ein set wurdt. De hear Terra seit dat syn fraksje dizze notysje wol ûnderskriuwe kin. It is goed dat de gemeente meitinkt en hannelt yn it stribjen nei frede en feiligens yn dizze wrâld. De besteande wapens en bewapening hawwe neffens him neat mear mei ferdigening te krijen, mar alles mei in totale ferneatiging fan de wrâld. Dat moat dan ek keard wurde, foar t it út de hân rint. De enerzjy en it jild dat yn de bewapening stutsen wurdt kin better brûkt wurde om alle minsken in minskweardich bestean te jaan. Hy freget him of oft de minsken dy't de macht hawwe, net mear nei elkoar harkje kinne en ferskil fan ynsjoch allinnich mar mei wapens ofhannelje kinne. Troch dat men gjin betrouwen mear yn elkoar hat is it ek net mear mooglik om ferskillen troch praten op te lossen en sil de besteande wapene frede bestean bliuwe. Om de minsken mear mei elkoar belutsen te meitsjen moatte hja elkoar helpe en dêryn kin de gebeente bgl. in gemeente yn in tredde—wrâldlân helpe. Syn fraksje giet derom ek akkoart mei de neamde aksjepunten. Oangeande punt 2c tinkt sprekker dat skoal- lieding en âlden seis wol bysteat binne dit ünderwerp yn de skoallen oan de oarder te stellen. Mefrou Watzema seit dat hoewol't har fraksje wolris oars tinkt as de oare fraksjes, hja dochs foar frede en untwapening binne. Net foar ien— sidige Ontwapeningmar Ontwapening fan alle partijen. Hja freget har of oft it wol ferstannich is dat dizze notysje yn de earste ôfdieling behannele wurdt. It jild dat der yn stutsen wurdt soe better foar in tredde-wrâldlân brûkt wurde kinne. De tiid dy't hjiryn stutsen wurdt kin better brûkt wurde foar oare dingen dyt yn de gemeente perfoarst barre moatte It fergees beskikber stellen fan romte yn de pleatslike parse oan

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 18