- 16 - 19. Voorstel tot het vaststellen van de 34e begrotingswijziging 1985 en tot vaststelling van diverse begrotingswijzigingen. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 20. Voorstel tot verkoop van grond aan de woningbouwvereniging Midden- Friesland ten behoeve van de bouw van woningen te Grouw en Akkrum. De hear Damsma seit dat it plan foar wentebou yn de Baai mei de feroaringen oan de Stasjonswei yn de fjirde ôfdieling bepraat is. Hy hat doe frege om it parkearterrein dat yn de Stasjonswei pland wie, ferfalle te litten om te foarkommen dat it ferkear in oare ûntslutingswei nei Grou siket. Dat soe yn dit gefal de Oostergoostrjitte wurde. Syn fraksje is wol akkoart mei de ferkeap fan de bougrün, mar hja hawwe der it betingst by dat de Stasjonswei de ûntslutingswei bliuwe moat. De heer De Wolf vraagt of door dit verkoopbesluit meteen de uitvoering van de Stationsweg wordt vastgelegd. Die uitvoering is nog steeds een punt van discussie en daarom wil hij dat niet vastgelegd hebben door dit verkoopbesluit. De hear Bethlehem kin him wol oanslute by de fraach fan de hear De Wolf. Neffens him is hjir net it hiele plan de Baai oan de oarder, mar giet it allinnich om de ferkeap fan dizze grûn. De hear Stallinga slót him oan by wat de hearen De Wolf en Bethlehem sein hawwe. Wethâlder Breeuwsma seit dat it yn dit útstel giet om de ferkeap fan grûn wêrfan al earder it plan wie dat der huzen komme moasten. De hear Damsma praat oer de fierdere ynfolling fan it plan De Baai en de feroaring fan de Stasjonswei mei de gefolgen dyt dat foar de Oostergoostr j itte hawwe kin. Dat is no lykwols net oan de oarder. Yn de fjirde ôfdieling is goed ofpraat dat de bewenners fan de Oostergoostrj itte op de hichte hâlden wurde sille fan de fierdere Ontwikkeling fan de plannen foar De Baai. Ek sille der fisuele ferkearsmaatregels yn dizze strjitte troffen wurde om tefoaren te kommen dat der in ferkearstaname wêze sil. De hear Van der Baan seit dat hy tinkt dat troch de bou fan dizze huzen der yn ferbân mei de lûdsoerlêst sokke maatregels troffen wurde moatte, dat it ferkear dochs in oar paad sykje sil. Hy wol dêrom de garansje hawwe dat dat net barre sil. De hear Bethlehem seit dat it allinnich giet om de ferkeap fan grûn. Der is tasein dat it hiele plan De Baai noch oan de oarder komme sil en dat de belanghawwenden noch alle mooglikheden krije foar ynspraak, dus it liket him better om de diskusje oer De Baai no net fuort te setten. De hear Damsma is dochs bang dat troch dizze ferkeap en de huzebou dy't dêr mei gearhinget, ek de situaasje oangeande de Stasjonswei fêstlein wurdt. Hy seit dat syn fraksje wol akkoart gean kin mei dit útstel op betingst dat net de situaasje fan de Stasjonswei fêstlein wurdt sa't hy dat no by de stikken oantroffen hie. De hear De Wolf fynt it yn ferbân mei de wet op de lüdshinder wichtich om te witten oft de ried him troch dit ferkeapbeslút ek bynt oan de wize wêrop de Stasjonswei útfierd wurde sil.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 20