- 17 - Wethâlder Breeuwsma seit dat de ried him no net fêstleit op de útfiering fan de Stasjonswei. De útfiering fan de Stasjonswei is hjir fierder net oan de oarder en it liket him better om dy hjir ek net by te belûken om11 oars de saken trochinoar mongen wurde Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 21. Voorstel tot benoeming van een directeur in een tweehoofdige school leiding aan de per 1 augustus 1985 te vormen openbare basisschool te Grouw (Hjerre Gjerritskoalle/Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle) Er wordt overgegaan tot stemming waarbij de voorzitter mevrouw S. Zijlstra en de heren Van der Baan en Stallinga tot leden van het stembureau benoemt. Hierna schorst hij de vergadering om 22.55 uur voor een korte pauze. De voorzitter heropent om 23.00 uur de vergadering en hij verzoek mevrouw Zijlstra de uitslag van de stemming bekend te maken. Mefrou Zijlstra seit dat der 16 stimmen útbrocht binne op mefrou E. Faber- van Leningen en 16 stimmen op de hear H.A. Visser. De voorzitter concludeert dat daarmee beide personen zijn benoemd. Daar de punt 22 en 23 een samenhang vertonen stelt de voorzitter eerst punt 23 aan de orde 23. Voorstel tot het aangaan van een grondruil te Grouw. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 22. Voorstel tot verpachting van diverse percelen weiland te Grouw. De hear Van der Baan freget oft it útgongspunt dat der gjin grûn oan minsken ferhierd wurdt dy't gjin boerebedriuw hawwe, noch altyd jildt. Wethâlder Breeuwsma seit dat dit útgongspunt noch altyd jildt, mar dat der wolris situaasjes binne dy't it nedich meitsje dat der fan ôfwykt wurdt. De grûn dy't de gemeente troch dizze ruil kriget, leit yn it ruil- ferkavelingsplan 'De Alde Jokse'. Fierder leit de grûn dy't útjûn wurdt efter de beboude kûm fan it doarp. Ferhier oan immen mei in bedriuw op in oar plak, soe betsjutte kinne dat der in protte oerlêst foar it doarp ûntstean soe De hear Van der Baan freget oft dat ynhâldt dat by oare ferpachtingen dus ek wol minsken sunder bedriuw yne beneaming komme kinne Wethâlder Breeuwsma seit dat it hjir giet om lân dat per jier ferpachte wurdt. It kin dus alle jierren troch de gemeente foar in oar doel brukt wurde. Dêrom is it net gaadlik om der in bedriuw op te setten. Fierder lizze der yn dy hoeke noch mear hoeken grûn dy't de gemeente ferpachtet en it doel is om dy hoeken as ruilgrûn efter de hân te hâlden. As bliken docht dat dat foarearst net needsaaklik is, dan kinne sokke hoeken faaks ek oan tredden ferhierd wurde. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1985 | | pagina 21