- 2 -
Punt 7:De hear Damsma hopet dat it kolleezje oan it fersyk fan de briefskriuwer
temjitte komme wol, om't de situaasje - in rammelstrook foar de
doar - it wenjen der net nofliker op makket.
De heer De Wolf sluit zich aan bij de woorden van de heer Damsma. Hij
geeft het college graag in overweging deze situatie te veranderen.
De voorzitter antwoordt dat met deze opmerkingen rekening zal worden
gehouden bij de afdoening van deze brief.
Punt 10: De hear Damsma is it der wol mei iens dat it kolleezje dit ôfhannelet
mar hy wol as suggestje mei jaan om foar dy omjouwing in bestimmingsplan
te meitsjen. Der wurdt no hyltyd mei tariedingsbesluten wurke en dat
set de ûntjouwing fan it doarp opt slot.
De heer De Wolf zegt dat er wel een geldend bestemmingsplan voor dat
gebied is"! Het huis van de heer Smit is daarin bestemd als groenvoor
ziening. Dit lijkt spreker nu een mooie gelegenheid om ten aanzien van
dit punt het bestemmingsplan uit te voeren.
It fernuveret wethalder Breeuwsma dat de hear Damsma seit dat der gjin
bestimmingsplan is. Dizze saak spilet krekt om't it bestimmingsplan dit
plak oanwiist as grienfoarsjenning. Der sil útsocht wurde wat dêr de
reden fan wie en as it al feroare wurde moat, dan kin der noch wol op
de bestimming werom kommen wurde
De hear Damsma is fan betinken dat der foar dat gebiet wol in nij bestim
mingsplan komt, om't men oars gjin tariedingsbesluten hoecht te nimmen.
Wethalder Breeuwsma seit dat de hear Damsma in oar part fan it doarp
bedoelt. Hjir is wol in jildend bestimmingsplan foar.
Punt 12: De hear Van der Baan stelt út om oan de hân fan dit brief ris yn in
ôfdieling te bepraten wat der oan dizze saak dien wurde kin.
De hear Bethlehem kin it wol mei de hear Van der Baan iens wêze, mar
it fersyk fan de ANDO wie rjochte oan de politike partijen en dêrom freget
hy oft de partijen yn harren nije ferkiezingsprogrammas hjir ek omtinken
oan jaan wolle.
De voorzitter antwoordt dat het verzoek van de ANDO in eerste instantie
gericht ïs tot de politieke partijen. Het lijkt hem niet noodzakelijk
om daar meteen de uitbreiding aan te geven die de heer Van der Baan voor
ogen staat, door dit in de afdeling te bespreken en eventueel op de proble
matiek in te spelen.
De hear Van der Baan fynt it wol in goede saak dat dit yn ferkiezings
programma's meinommen wurdt, mar it liket him ta dat der no ek wol wat
oan dien wurde kin. Hy hâldt derom fest oan syn útstel om dit yn in
Sfdieling te bepraten.
Het voorstel van de heer Van der Baan ondervindt voldoende steun om in
stemming te worden genomen. Het voorstel wordt verworpen met 6 stemmen
voor en 10 stemmen tegen.
De tegenstemmen waren van de dames Aukes, Watzema, A. Zijlstra en S.
Zijlstra en de heren Bouma, Breeuwsma, Nieuwdam, Stallinga, Terra en
De Wolf.
Punt 15: De hear Van der Baan seit dat syn fraksje alhiel efter de ynhâld fan
dit brief stiet.